Trije miljoen Teksanen sûnder stroom mei ekstreem winterwaar

febrewaris 16, 2021 08:16

Yn Teksas sitte hast trije miljoen minsken sûnder stroom yn de frieskjeld. Yn de Amerikaanske steat hat it yn goed tritich jier net sa kâld west as yn de ôfrûne dagen. Om foar te kommen dat it elektrisiteitsnet yn de steat beswykt, wurde de miljoenen klanten tydlik ôfsletten.

Foto: pixabay.com

Gûverneur Abbott fan Teksas rôp juster de needtastân út yn de steat fanwege it ûnwenstige winterske waar. Yn Dallas, dêr’t it normaalwei yn febrewaris om de tsien graden hinne is, wie it kwik doe sakke oant -18. Dêrmei wie it der kâlder as yn Anchorage, Alaska. Op in protte plakken leit ek snie en der wurdt warskôge foar glêde diken.

De problemen troch de enoarme fraach nei elektrisiteit wurde slimmer troch it fuortfallen fan in grut part fan de wynenerzjy. Mear as de helte fan it wynmûnepark yn de steat is stil kommen te lizzen troch it winterwaar, ûnder oare trochdat mûnen fêstferzen binne.

Ynwenners wurde troch reservisten nei 135 skûlplakken brocht. Net allinnich yn Teksas sitte minsken sûnder stroom. Der binne ek problemen yn Louisiana, Kentucky, Mississippi, Alabama, Oregon en Oklahoma. Yn it noarden fan Meksiko sitte ek hast fiif miljoen minsken sûnder stroom troch de problemen yn Teksas. De regio is tige ôfhinklik fan ierdgas út Teksas, mar in part fan de piipliedingen is beferzen. Dêr komt by dat de fraach nei ierdgas yn de Feriene Steaten bot tanaam is fanwege de stroomproblemen.

febrewaris 16, 2021 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.