Topkolleksje National Portrait Gallery Londen nei Frysk Museum

febrewaris 2, 2021 09:20

‘Queen Elizabeth I’ fan NIcholas Hilliard, om 1575 hinne (© National Portrait Gallery Londen)

Yn ’e hjerst fan 2021 komt in bysûndere kolleksje portretten selsportretten fan de National Portrait Gallery fan Londen nei Ljouwert. Icons: topstukken uit de National Portrait Gallery toant skilderijen, foto’s, bylden, printen en tekeningen fan bûtengewoane keunstners wrâldwiid, fan Peter Paul Rubens en Anthony van Dyck oant Andy Warhol en Marlene Dumas.

Under de portrettearren binne wrâldferneamde ikoanen, fan Keninginne Elizabeth I en William Shakespeare oant Audrey Hepburn, David Beckham en Malala Yousafzai. Oan ’e hân fan hast hûnder masterwurken ûndersiket Icons it komplekse en fassinearjende sjenre fan de portretkeunst. Tanksij in grutte renovaasje fan it Ingelske museum is de topkolleksje foar ien kear yn Nederlân te sjen.

National Portrait Gallery
De National Portrait Gallery yn Londen waard oprjochte yn 1856. Mei mear as 215.000 wurken hat it museum de grutste portretkolleksje op ’e wrâld. De portretten fertelle de ferhalen fan ynfloedrike manlju en froulju út de skiednis. It projekt Inspiring People, dat stipe wurdt troch it National Lottery Heritage Fund, omfettet in yngripende transformaasje fan de National Portret Gallery. It museum is fan 29 juny 2020 oant de maitiid fan 2023 ticht foar publyk. Yn dy perioade dielt de Gallery hûnderten stikken út de kolleksje mei oare organisaasjes, ek wurken dy’t komselden útliend wurde.

De útstalling Icons wurdt organisearre troch de National Portrait Gallery, Londen en it Frysk Museum.

febrewaris 2, 2021 09:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.