Tomke siket (in) skriuwer(s)

febrewaris 2, 2021 09:06

Ofbylding: Afûk

Yn 2021 wurdt Tomke 25 jier! Njonken feestlike (ekstra) aktiviteiten en it ferskinen fan nije materialen en boekjes, is dat ek in moaie oanlieding om in skriuwwedstriid te organisearjen. Foar de kommende jierren wurde ien of mear skriuwers socht om de skriuwgroep oan te foljen. Wa’t ek ferhalen skriuwe wol oer it libben fan Tomke, kin meidwaan oan de Tomke-skriuwwedstriid.

Om it ferskaat yn de Tomke-ferhalen te boargjen is der ferlet fan nije skriuwers. Alhoewol’t in Tomke-ferhaal oan bepaalde betingsten foldocht, is der genôch frijheid foar de skriuwers om der sels in ‘kleur’ oan te jaan. Elke skriuwer bringt in eigen styl, in eigen ynfalshoeke en in rêchsek fol kreativiteit mei, dêr’t de Tomkewurkgroep graach gebrûk fan makket. Op tomke.frl is mear ynformaasje te finen en op Tomke-Skriuwwedstriid oprop is te lêzen wat de betingsten binne.

Gadingmakkers kinne fóár 31 maart 2021 in ferhaaltsje stjoere oan ynfo@tomke.frl, mei in motivaasje en kontaktgegevens. In fakkundige sjuery sil de ynstjoeringen besjen. De winners fan de skriuwwedstriid wurde foar 15 maaie bekend makke en binne op 12 juny 2021 te gast op Tomke syn jierdeifeest!

febrewaris 2, 2021 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.