Tichtplicht kappers
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Wat my opfalt by de parsekonferinsjes fan Rutte en De Jonge binne harren kreaze kapsels. Ik freegje my ôf hoe’t harren dat slagget yn dizze tiden fan tichtplicht (lockdown).
Sels sjoch ik der sa stadichoan út as in rosbeier, no’t al in moanne of wat de kapperssaken wer ticht binne. Dat jildt echt net foar my allinnich.
Binne der soms spesjale kapsalons iepen foar bestjoerders? Wurdt hjir soms mei twa maten metten?
Jehannes Elzinga
Frjentsjer
Wat tinksto dan fan Ruttes pcr-test (non), de brulloft fan Grapperhaus, de fakânsje fan W A. von Nassau, ensafuorthinne, ensafh.
Dy sille wol freontsjes en freondintsjes hawwe, dy’t
goed yn knippe binne