Thuishuis Pompidoe yn Kollumerpomp behellet sertifikaat twatalich wurkjen

febrewaris 20, 2021 08:48

Op tongersdei 18 febrewaris wie it feest by berne-opfang Thuishuis Pompidoe yn Kollumerpomp. De lokaasje wurket sûnt 2018 mei in belied dat derop rjochte is om de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. It sertifisearringstrajekt is no ôfrûne en it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle.

Thuishuis Pompidoe (foto: SFBO)

Om dat te fieren wie der in feestje foar de pjutten. It hiele feest stie yn it teken fan de Alvestêdetocht. Der wiene alderhande aktiviteiten betocht, passend by de Alvestêdetocht. Der wie in hindernisbaan by de 11 stêden del, der moast klune wurde, mûtsen en sjaals op- en omdien wurde, en de bern moasten ûnder brêgen trochkrûpe. Fansels wie der by dizze Alvestêdetocht ek koek en zopie. It wie in prachtich feest by Thuishuis Pompidoe.

Thuishuis Pompidoe en twatalichheid
Thuishuis Pompidoe is in partikuliere berne-opfang yn Kollumerpomp, yn 2012 opset troch Bregtje Kingma. It biedt berne-opfang, pjutte-opfang en bûtenskoalske opfang yn in eigen romte yn doarpshûs Trefpunt. Der is in goede gearwurking mei de basisskoalle.

It twatalich belied sjocht der op dizze lokaasje as folget út: Bregtje, Alie en Froukje prate konsekwint Frysk mei alle bern. Dynke, Lisanne en Inge dogge dat yn it Nederlânsk. Foar beide talen is omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen en it foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik faninoar te skieden, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne se letter makliker bygelyks in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Thuishuis Pompidoe west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Alle ûnderdielen binne posityf beoardiele. Yn syn einkonklúzje skriuwt de kommisje: “It taalbelied fan Thuishuis Pompidoe hat in stevich plak krigen. De pm’ers hawwe sjen litten dat sy de beide talen bewust oanbiede en dat de bern stipe wurde om harren yn in rike taalomjouwing ûntwikkelje te kinnen. Myn kompliminten!”

By it sertifisearringstrajekt kriget Thuishuis Pompidoe begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne goed 265 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

febrewaris 20, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.