‘The Rolling Stones – Unzipped’ ferlinge o/m 18 april

febrewaris 26, 2021 08:54

It Grinzer Museum ferlinget The Rolling Stones – Unzipped oant en mei 18 april 2021. De ferlinging is in uterst besykjen fan it museum om de útstalling sa lang mooglik iepen te hâlden en safolle mooglik besikers talitte te kinnen. Dêrnei is gjin ferlinging mear mooglik om’t de eksposysje fan juny ôf te sjen is yn Marseille.

‘The Rolling Stones – Unzipped’ (foto: Siese Veenstra/Groninger Museum)

Sa gau’t bekend is wannear’t it museum wer iepen mei, folget mear ynformaasje oer de start fan de kaartferkeap. Dat sil ûnder oare fia de webside, sosjalemediakanalen en de nijsbrief fan it Grinzer Museum kommunisearre wurde.

Oer The Rolling Stones – Unzipped
De eksposysje toant goed 400 orizjinele objekten út de samling fan de Stones. Net allinnich ynstruminten en poadiumûntwerpen, mar ek seldsume audiofragminten en fideomateriaal, persoanlike deiboeken, ikoanyske kostúms, postermateriaal, albumhoezen en sels harren studio en it beskieden ferbliuw yn Edith Grove yn Londen. Oanfolle mei unyk filmmateriaal en ynteraktive technology, jout de útstalling in útsûnderlik wiidweidich ynsjoch yn fyftich jier skiednis fan de band en de karriêres fan Mick Jagger, Keith Richards, Charlie Watts en Ronnie Wood. Sintraal stiet it muzikale erfgoed dat makke dat de Rolling Stones fan in bluesband yn de sechtiger jierren útgroeide ta ynspirearjende kulturele ikoanen.

febrewaris 26, 2021 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.