Telefyzjeprogramma fynt de trochsneed Nederlanner
Resint ferskynd
De trochsneed Nederlanner is bekend. It is Frank Jansen út Wijchen. Dat is de útkomst fan in syktocht fan telefyzjemakker Albert Klein Haneveld.
Al mear as 120 jier wurdt yn Nederlân ûndersyk dien nei de trochsneed Nederlanner. Hy stiet hast alle dagen yn ’e krante. Mar oant koartlyn wist men net wa’t it is. Hy wie al dy tiid noch folslein anonym. Mar no net mear.
Op basis fan sifers fan it CBS luts Albert Klein Haneveld mei kamerafrou Marjolijn Heijnen Nederlân yn om te efterheljen hokker statistiken de Nederlânske identiteit bepale. En hokker persoan yn alles krekt trochsneed is. En dy persoan bliek te bestean. Hy wennet yn Wijchen en hjit Frank Jansen.
It programma Op zoek naar de gemiddelde Nederlander is op snein 27 febrewaris te sjen by de NTR op NPO 3, om 20.20 oere.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje