Ta de neitins fan Roel Falkena 1936-2021

febrewaris 24, 2021 19:24

Ta de neitins fan Roel Falkena 1936-2021

Foto Omop Fyslân

Yn 2009 freget foarsitter Roel Falkena my om meitinke te wollen yn it bestjoer fan de Stifting Slach by Warns. Wy koenen inoar al fan de tiid dat wy beide in sit hienen yn it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging. It wurdt it begjin fan in jierrenlange gearwurking yn it Stiftingsbestjoer. Roel hat in protte foar de Stifting betsjutten. Fan 2001 oant 2011 yn de funksje as foarsitter mar earder ek al as sprekker.
Op 24 septimber 1983 hat Roel de betinkingsrede op it Klif útsprutsen. In taspraak oer selsbestjoer fan Fryslân. De taspraak kriget safolle omtinken dat it bestjoer fan de FNP oanbiedt der in brosjuere fan te meitsjen en út te bringen. Yn it foaropwurd skriuwt Roel, dat hy fan ’t maitiid wat skruten de útnûging fan it Stiftingsbestjoer om op de betinking te sprekken oannommen hat. “Hoe maklik kin in ûnderwerp as ‘Selsbestjoer foar Fryslân‘ ferkeard útlein wurde.” It giet neffens him om kulturele autonomy yn oansluting op provinsjale of gemeentlike autonomy. Fryslân moat neffens him de mooglikheid hawwe himsels te bestjoeren foar safier’t de Friezen dat sels winskje en sa’t dat past yn in federale steatsynrjochting en yn in federaal Europa. Hy fettet syn bydrage gear mei de stelling dat foar in frije ûntjouwing fan de Friezen it needsaaklik is dat it bestjoer fan Fryslân sels it foech hat om te kedizen oer saken dy’t de Fryske mienskip oanbelangje.

Dat ideaal is lykwols noch net berikt en net allinne yn Nederlân, mar hjoed-de-dei noch rûnom op ’e wrâld komme etnyske of oare groepen yn ’e knipe. Dêrom dat hy as foarsitter by eltse betinking yn it programma in momint stilte frege foar slachtoffers fan geweld en ûnderdrukking. Ut solidariteit en tagelyk ek om oan te jaan dat de winsken fan de Fryske mienskip net útsûnderlik binne.

Om 2011 hinne kriget hy grutte problemen mei syn sûnens en moat der nei in oare foarsitter omsjoen wurde. Dat slagget noch net sa flot en wilens nim ik as waarnimmend foarsitter dy funksje fan him oer. As in wûnder knapt hy gelokkich wer op en kinne wy him op de bestjoersgearkomsten wer wolkom hjitte. No as adviseur.

Yn 2014 komt Roel mei it idee om – mei Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 foar eagen – it begryp mienskip as tema foar de kommende betinkingen te nimmen. In taal ferbynt, mar kin ek skieding betsjutte as nijynkommelingen dy mienskip mei oare taal en kultuer net akseptearje wolle. De betinking wol no in middel wêze om it mienskipsgefoel – ek by ferskaat oan taal en posysje – nij libben yn te blazen. Sa ha wy ferskillende groepen op besite hân: de bûtenfriezen, jongerein, de Friezen út Noard- en East-Fryslân en ’nije’ Friezen, dy’t harren hjir nei wenjen set hawwe.

Yn 2018 is de searje betinkingen yn it ramt fan it Mienskipsdei-tema ôfsletten en hat Roel foar it bestjoer oan – doe noch – deputearre Kramer in oarkonde oanbean. In oarkonde mei alle nammen fan doarpen (mienskippen) dy’t harren ferbûn fiele oan de mienskip en tasizze dy mienskippen fleurich en geef te hâlden. “Deade fisken geane mei de stream mei. Libbene fisken swimme deryn op”, sa wie by dy gelegenheid syn sizzen.

Foto © Stifting Slach by Warns

Dy bydrage hat ek de lêste west foar de Stifting. Syn sûnens gie stadichoan wer efterút en wy moasten definityf ôfskied nimme fan in man mei gesach, in grut netwurk en kreative ideeën. It bestjoer tinkt mei respekt en tagedienens oan him werom.

Foar it bestjoer fan de Stifting Slach by Warns,

Th. Dykstra, foarsitter

febrewaris 24, 2021 19:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.