Sybren Singelsma: Strategyske autonomy fan de EU

febrewaris 2, 2021 19:50

Skôging

It wichtichste hannelsakkoart dat de EU ein 2020 sletten hat, wie net dat mei it Feriene Keninkryk (FK) mar dat mei Sina. Oan ’e ein fan it Dútsk foarsitterskip woene Merkel en Macron noch mar ris sjen litte dat se it belied fan Strategyske autonomy fan frou Von der Leyen foar de EU op tal fan flakken stypje. Wylst Trump in hannelsoarloch mei Sina begûn is, it FK drok dwaande wie mei de Brexit en it sluten fan hannelsakkoarten mei Vanuatu, gie de EU in akkoart oan mei Sina. It boadskip: no’t de Britten ús net mear tsjinhâlde kinne, sil de EU syn posysje as grutmacht yn ’e wrâld útbouwe.

De ûnderhannelingen oer faksins, it fersterkjen fan de posysje fan de euro as wrâldmunt yn konkurrinsje mei de dollar moatte sa ek besjoen wurde. En ja, nei in protte drama is dan ek in akkoart oer de Brexit sletten. In grutte oerwinning, fûn Boris Johnson it en in opstap nei in bloeiender en riker selsstannich FK yn de wrâld, in ‘Global Britain’ as syn foarm fan strategyske autonomy.

It is in tsjok dokumint wurden, echt alles is oant yn ’e puntsjes regele, bygelyks oer de AOW- bydragen foar Britten dy’t yn Nederlân wurkje en sa, nee, it is 1200 siden lang regels en burokrasy, dy’t allinnich mar ekstra kosten feroarsaakje.

Wol nijsgjirrich, en wat net sa yn it nijs kommen is, is wat der op side 405 oer nije lidsteaten stiet. No is it fanselssprekkend dat sa’n oerienkomst ek takomstige lidsteaten bynt, mar ik kin my net oan de yndruk ûntlûke dat dit artikel it FK ek ynfloed jout om in mooglik lidmaatskip fan Skotlân te beynfloedzjen.

Dat dat Global Britain foaral in romantysk idee is, dat fier fan de realiteit stiet, bewize de ûnderfiningen yn de earste wiken fan de Brexit. Benammen it feit dat der neat yn stiet oer de tsjinstesektor is frjemd, en fataal tink ik. Dat moat yn de kommende moannen noch regele wurde. Op dei 1 fan it nije jier is foar 6 miljard oan Europeeske oandielen fan de Londenske beurs nei beurzen op it fêstelân ferhuze.

Yn de praktyk blykt fierders dat der wol deeglik grutte ferskillen binne tusken in frijhannelssône en in ynterne merk. It ferskil: papierwurk, BTW-oanjeften, oarsprongsregels, fytosanitêre regels en mear. De hannel mei wol frij fan tariven wêze, dat slacht allinnich mar op produkten dy’t foar in belangryk persintaazje Britsk binne, net op trochfier. Dy trochfier sil dus ferdwine.

Resultaat, dat de earste ferry’s no fan Ierlân nei Frankryk geane, hannelsstreamen feroarje, de hannel tusken it FK en it fêstelân mei 30% ôfnommen is en de útfier fan fisk en farsk iten ynstoart is en de online hannel stil falt. Oanrinproblemen, neffens Boris Johnson, en fansels koroana.

It sil wol. Underwilens rinne de spanningen tusken de lânsdielen op. De Skotten wolle in nij referindum. Wie de foarige kear noch in ûnwis punt dat Skotlân mei selsstannigens út de EU falle soe, no is it de oare kant op, as se selsstannich wurde, sille se daliks it lidmaatskip fan de EU oanfreegje. Dat is in hiele oare dynamyk. Noard-Ierlân is fansels hielendal spesjaal, sawol lid fan de Britse as de Europeeske merk. It sil liede ta in aparte ekonomyske ûntjouwing. En neffens de Goedfreedakkoarten is in referindum oer feriening mei de Ierske Repyblyk in opsje. Mei Biden yn it Wite Hûs soe it my net fernuverje dat dat noch ris bart.

Om dy spanningen op te lossen wurde der útstellen dien om it lân fiergeand en echt te federalisearjen. Ik bin lykwols bang dat soks te fier fan it idee fan in Global Britain ôfstiet om de Britse Konservativen mei te krijen.

It wurdt dus noch spannend oan de oare kant fan it Kanaal.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
febrewaris 2, 2021 19:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.