Súd-Afrika hâldt op mei Astra-Zenecafaksinaasjes

febrewaris 8, 2021 10:21

Súd-Afrika hat it ynintsjen mei it AstraZeneca-faksin stilset. Ut earste testresultaten soe bliken dwaan dat it faksin beheinde beskerming biedt tsjin mylde en matige symptomen fan de Súd-Afrikaanske koroanafariant. Dat hat de minister fan Folkssûnens fan it lân buorkundich makke.

Foto: pixabay.com

It Afrikaanske lân ûntfong ferline wike noch in miljoen doases fan it faksin en wie fan doel om mids febrewaris útein te setten mei it ynintsjen fan soarchmeiwurkers. Ut it lytsskalich ûndersyk koe noch net opmakke wurde oft it faksin tsjin slimmere sykteferskynsels beskermet, mei’t de twatûzen dielnimmers foaral jonge en sûne folwoeksenen wiene. As út neikommende ûndersiken bliken docht dat it AstraZeneca-faksin wol wurket by slimmere gefallen, tinke Súd-Afrikaanske sûnensautoriteiten deroer om fierder te gean mei de faksinaasjes. Underwilens sille yn Súd-Afrika oare faksins brûkt wurde.

febrewaris 8, 2021 10:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.