Strukturele taaldiskriminaasje ryksoerheid

febrewaris 18, 2021 10:08

De Ryksoerheid docht struktureel oan taaldiskriminaasje en hâldt de ûngelikensens tusken it Frysk en Nederlânsk yn stân. Dat hat de Jongfryske Mienskip fêststeld op basis fan de foarriedige kabinetsreaksje op de 7e Hânfestrapportaazje foar it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden en de 4e rapportaazje foar it Ramtferdrach beskerming nasjonale minderheden fan de Ried fan Europa.

De Jongfryske Mienskip mocht dêrop reagearje. De reaksje dy’t de JFM nei it ministearje fan Ynlânske Saken stjoerde, stiet hjir ûnder. De Nederlânske oersetting waard as bylage meistjoerd.

Achte frou …,

It antwurd fan Ynlânske Saken op de rapporten fan de Ried fan Europa is der fier by troch! Nederlân pakt de ferbetterfoarstellen net op. De Ryksoerheid hâldt dêrmei de ûngelikense taalsitewaasje tusken it Frysk en Nederlânsk yn stân.
Oan de hân fan trije foarbylden litte wy yn dizze brief sjen dat der net genôch konkrete maatregelen troch de Ryksoerheid naam wurde. It is in samling fan trije foarbylden, mar de list kin maklik oanfolle wurde mei mear foarbylden.

Op it mêd fan Fryske media giet de kabinetsreaksje der fanút dat it Frysktalige oanbod genôch is. Dêr binne wy it folslein net mei iens. Yn kêst 2.70 fan de mediawet 2008 stiet dat Omrop Fryslân allinnich regionale ûnderwerpen behannelje mei. De NOS fersoarget wól it nijs út binnen- en bûtenlân foar Nederlânsktaligen, wylst Frysktaligen allinnich mar lokaal nijs yn de eigen taal sjen meie. Frysktaligen en Nederlânsktaligen wurde dêrom ûngelyk behannele en dêrom is kêst 2.70 fan de mediawet 2008 diskriminaasje.

Yn de kabinetsreaksje misse wy in hiel soad ferantwurdlikheden fan de Ryksoerheid ten oansjen fan it Frysk. De meast simpele publikaasjes en websiden binne yn talen as it Arabysk, Sineesk, Ingelsk, Nederlânsk, Frânsk, Dútsk, Gebeartetaal, Papiamento, Poalsk, Spaansk en Turksk. It Frysk as twadde rykstaal ûntbrekt struktureel. Nei in protte striid waarden de donorfolder en jûnsklok ferklearring yn it Frysk beskikber makke, mar de fraach moast earst by de Friezen (Jongfryske Mienskip) sels wei komme. It probleem fan taaldiskriminaasje yn de kommunikaasje fan de Ryksoerheid is lykwols struktureel. En sa is ek de webside fan de Ryksoerheid yn it Nederlânsk, Ingelsk, Papiamento, Papiamentu en yn Nederlânske Gebeartetaal, mar wer net yn it Frysk.

Fierder konstatearje wy dat der noch hieltyd gjin sprake is fan folweardich Frysk ûnderwiis. It ferplichte momint Frysk wurdt op in soad skoallen ôfdien mei it sjen fan in Frysk filmke. Ut eigen ûnderfining witte wy dat sels it ferplichte momint Frysk der gauris by ynsjit.
Om bern net opgroeie te litten as analfabeten yn de eigen taal, soe de Ryksoerheid folle mear ôftwinge kinne as no it gefal is. Wy sjogge soks yn de foarm fan it ferplichtsjen fan de eintoets ‘Begripend Lêzen Frysk’ op Fryske basisskoallen (dy toets bestiet al). De resultaten fan dy toets soenen keppele wurde moatte oan de referinsjenivo’s dy’t de skoalynspeksje hantearret. De mate fan behearsking fan de Fryske taal soe dus ûnderdiel útmeitsje moatte fan de einopbringsten primêr ûnderwiis. Salang’t der gjin yntrinsike motivaasje op skoallen is en/of gjin foldwaande eksterne prikel, sil it Frysk yn it ûnderwiis der altyd mar wat byhingjen bliuwe. Mei it ratifisearjen fan it Hânfêst is der foar it Ryksregear in ynspanningsferplichting ûntstien op dat mêd.

Wy konkludearje: De taaldiskriminaasje fan de Ryksoerhied is struktureel. De kabinetsreaksje sa’t dy der no leit is opportunistysk en hâldt de ûngelikensens yn stân. De maatregelen binne ûnfoldwaande foar de ferbettering fan de posysje fan de Fryske taal.

Mei freonlike groetnis,

It folsleine bestjoer fan de Jongfryske Mienskip

febrewaris 18, 2021 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.