Stikeme foarfertoaning kamerabylden see-earnenêst

febrewaris 14, 2021 15:35

Op Falentijnsdei, de dei fan de leafde, bringt It Fryske Gea de earste bylden nei bûten dy’t de nêstkamera yn de Alde Feanen fan de see-earnen makke hat. Dat pearke hold yn foarige jierren de minsken foar de gek troch foar de kamera wol in nêst te bouwen, mar op in oar plak te brieden. Op dat plak no hinget de kamera dit jier en oan de bisten te sjen liket it derop dat it wolris suksesfolle bylden opleverje kin. Hoe’t de bisten ‘efter de skermen’ mei-inoar omgeane en in spektakulêr útsicht, dat is wat de bylden te sjen jouwe.
Fan hjoed, 14 febrewaris, ôf binne ferskillende stikeme foarfertoaningen fan de kamerabylden op it see-earnenêst te sjen. Op 1 maart wurdt de livestream fan ‘Belibje de maitiid yn It Fryske Gea’ oanset.

See-earnen © It Fryske Gea

febrewaris 14, 2021 15:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.