Stichting op syk nei wurk Jan Frearks van der Bij

febrewaris 18, 2021 08:29

Stichting Jan Frearks van der Bij en Museum Dr8888 organisearje ein 2022 in útstalling oer it wurk fan de keunstskilder Jan Frearks van der Bij (1922-2013). Dêrneist wurdt in boek útbrocht mei it wurk fan dizze Fyske ekspresjonist. Foar dy útstalling is de Stichting op syk nei ferkochte wurken fan de keunstner.

‘De Feanpolders’ fan Jan Frearks van der Bij (boarne: Stichting Jan Frearks van der Bij)

Jan Frearks van der Bij waard op 4 novimber 1922 berne yn Drachten. Neist syn wurk as tekenlearaar hat Van der Bij hiel aktyf west mei skilderjen, tekenjen, monumintale mozaïken en mear. As Frysk ekspresjonist wie er yn de perioade 1950 -1970 lid fan de skildersgroep Yn ’e Line. Hy hat in soad eksposysjes hân en dêrtroch is der in protte wurk fan him ferkocht.

De stichting is no op syk nei partikulieren, ynstellingen en bedriuwen dy’t wurk fan Van der Bij hawwe. Mooglik sille dy wurken opnommen wurde yn de útstalling en brûkt wurde foar it út te bringen boek. Dêr sille hûndert wurken fan de keunstner yn komme, eventueel taljochte mei in persoanlike tekst of oantinken.

Elkenien dy’t wurk fan Jan Frearks van der Bij besit, wurdt frege om dat fóár 1 maaie 2021 te melden. Dat kin fia it kontaktformulier op www.janfrearksvanderbij.frl of oan bestuur@janfrearksvanderbij.frl.

febrewaris 18, 2021 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.