Startsubsydzje Provinsje Fryslân foar Frysk Audio Argyf

febrewaris 20, 2021 08:59 Fernijd

Provinsje Fryslân hat it Frysk Film Argyf in startsubsydzje ferliend foar de realisaasje fan in Frysk Audio Argyf yn de perioade 2021-2024. Tresoar draacht ek finânsjeel by oan it projekt. It Frysk Film Argyf hie al langer de ambysje om njonken film- en fideomateriaal wichtich Frysk audio-erfgoed te argivearjen en foar in breed publyk tagonklik te meitsjen. Oant no ta ûntbrutsen dêr de finânsjele middels foar.

Jurjen Enzing (l.) en Syds Wiersma fan it FFAA (foto: Auke Zeldenrust)

Fryslân hat rike audiokolleksjes dy’t net of hast net bekend binne. Se lizze ferburgen yn de depots fan Tresoar en oare Fryske musea en erfgoedynstânsjes. Dat sil no oars. Wichtige kolleksjes op it mêd fan Fryske literatuer, Fryske taal, kabaret, toniel en muzyk wurde de kommende fjouwer jier digitalisearre en yn de online katalogus fan it Frysk Film Argyf beskreaun. Uteinlik sille tûzenen audiofragminten online te beharkjen wêze. Om in pear peareltsjes te neamen: de taspraken fan Willem Drees, Douwe Tamminga en Fedde Schurer by de ûntbleating fan it stânbyld van Pieter Jelles Troelstra yn 1962 by de Aldehou yn Ljouwert; sprutsen brieven oan soldaten fan Bataljon Fryslân yn Nederlânsk-Ynje.

Ien fan de wichtichste kolleksjes is de literêre audiokolleksje fan Tresoar. It eardere Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) sammele al audio. Spoelen, kassettebantsjes en cd’s mei fraachpetearen, optredens en eigen opnamen fan Fryske skriuwers waarden by it FLMD bewarre. De literatuerskiednis fan Fryslân fan nei de oarloch fûn syn delslach op papier, mar dúdlik ek op audio. Neidat it FLMD opgie yn Tresoar (2002) waard de literêre audiokolleksje noch ûnderholden, oanfolle en digitalisearre. It Frysk Audio Argyf pakt dizze kolleksje no op en hat de ambysje him folslein tagonklik te meitsjen foar publyk, ûnderwiis en ûndersyk.

It Frysk Popargyf – jierren lyn ynbrocht troch Fryslân Pop – leit ek by Tresoar. Digitalisearring wurdt hjir ynset foar behâld fan de kolleksje. Online tagonklikheid is dreger yn ferbân mei rjochten op de muzyk. Dêrom stribbet it Frysk Audio Argyf hjir nei in folsleine beskriuwing fan it popargyf yn de online katalogus, sadat de kolleksje goed trochsocht wurde kin. Der sil gearwurking socht wurde mei Fryslân Pop en it Popargyf Grins.

Histoarysk unike opnamen fan Fryske dialektfoarmen en streektalen binne ek in wichtige skat yn it nije audioargyf. Hjir siket it Frysk Audio Argyf de gearwurking mei de Fryske Akademy. De Fryske Akademy hat yn een konsortium mei Tresoar, Omrop Fryslân, Gridline en it Centre for Language and Speech Technology (Radboud Universiteit) yn 2018 in Frysk-Nederlânske spraakwerkenner ûntwikkele dy’t op dit stuit fierder fernijd wurdt. Dy spraakwerkenner kin brûkt wurde om it nije audio-argyf te ûntsluten troch de audio nei tekst om te setten. Dat sil in soad opsmite foar de sykmooglikheden yn it audioargyf.

In oare gearwurkingspartner is it Frysk Fersetsmuseum, dat ûnder oaren in rige fraachpetearen mei fersetsminsken en oare tsjûgen fan de besettingsjierren klearlizzen hat.

De grutste Fryske audiokolleksje leit by Omrop Fryslân. It giet om de radio-argiven fan de RONO, Radio Fryslân en Omrop Fryslân. It Frysk Film Argyf wurket al jierren gear mei Omrop Fryslân. Mei it nije audio-argyf sil dy gearwurking noch yngeander wurde. Omrop Fryslân hat in eigen argyftaak, mar wichtige radioprogramma’s út it ferline fan de RONO en de Omrop – bygelyks as it giet om Fryske taal, literatuer, muzyk, sang en toniel – kinne mooglik yn it Frysk Audio Argyf opnommen wurde.

Oare namme
Mei de realisaasje fan in audio-argyf kriget it Frysk Film Argyf in oare name: Frysk Film en Audio Argyf (FFAA). Yn earste ynstânsje sil de name FFAA inkeld yn korrespondinsje en mailferkear brûkt wurde. Nei ferrin fan tiid sille logo en webside fan it filmargyf fan no oanpast wurde.

Mienskip
Organisaasjes en partikulieren dy’t tinke dat se beskikke oer weardefol Frysk audiomateriaal kinne kontakt opnimme mei it Frysk Film en Audio Argyf. Der sil dan besjoen wurde oft dat materiaal yn it nije audio-argyf opnommen wurde kin. It Frysk Film Argyf is grut wurden troch partikulieren dy’t ree wiene harren film- en/of fideokolleksjes ôf te stean. Der wurdt besocht it Frysk Audio Argyf út in selde Fryske ‘mienskipsdynamyk’ wei op te bouwen.

febrewaris 20, 2021 08:59 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.