Start netwurkgearkomsten foar wurksikers yn Fryslân
Resint ferskynd
Op woansdei 10 febrewaris jout wethâlder Friso Douwstra, foarsitter WSP Fryslân Werkt!, it startsein foar de gearwurking tusken JobOn en de achttjin Fryske gemeenten.
Fan dat momint ôf organisearret JobOn, de lanlike frijwilligersorganisaasje foar wurksikers, moanliks (online) sollisitaasjewurksjops en netwurkgearkomsten foar elkenien dy’t op syk is nei wurk. By dy earste gearkomste fertelt oprjochter Pieter Vermeer oer it ûntstean fan JobOn en de krêft fan netwurkjen. Dêrnei jout karriëre- en wurkgelokcoach Wibo Roosjen in wurksjop oer de ynfloed fan gelok op sollisitaasje-aktiviteiten.
Netwurkjen wurket
Dat netwurkjen wurket, blykt wol út it ûntstean fan JobOn. Wat yn 2013 lyts begûn, is yn rap tempo útgroeid ta in lanlik netwurk. Vermeer: “Wy wurkje ûnderwilens gear mei tsientallen gemeenten yn hiel Nederlân en binne grutsk dat wy no ek yn Fryslân in lokaal netwurk opbouwe kinne dêr’t wurksikers inoar by op wei helpe.”
Friso Douwstra is ek wiis mei de gearwurking: “De aktiviteiten fan JobOn binne in goede oanfolling op de help dy’t ús gearwurkingspartners binne WSP Fryslân Werkt! biede oan Fryske ynwenners dy’t no in útkearing krije. Troch dy gearwurking kinne we no noch mear wurksikers op wei helpe, motivearje en entûsjasmearje. Hielendal yn dizze tiid is it lizzen fan kontakten mei meiwurksikers fan grut belang.”
Sollisitaasjewurksjop ‘Beynfloedzje gelok en sollisitearje suksesfol!’
De startgearkomste ynklusyf sollisitaasjewurksjop wurdt online holden op woansdeitemoarn 10 febrewaris fan 10.00 oant 12.00 oere (fia ZOOM). By de sollisitaasjewurksjop stiet trener Roosjen stil by gelok en hokker ynfloed dat hawwe kin op sollisitaasjeaktiviteiten. Der wurdt ek omtinken jûn oan it belang fan netwurkjen. Wurksikers en ûndernimmers mei in TOZO-útkearing kinne har fergees oanmelde fia jobon.nl/events/kickoff-jobon-at-fryslan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje