Sorbyske les sa populêr dat der no te min leararen binne

febrewaris 16, 2021 12:26

Foto: pixabay.com

Taalminderheden yn Europa hawwe allegear harren eigen swierrichheden. De Sorben yn East-Dútslân hawwe in lúkseprobleem. Sorbyske lessen binne ûnderwilens sa populêr dat der net genôch leararen te finen binne om alle lessen te jaan.

De Sorbyske skoalleferiening ropt minsken dy’t fan karriêre feroarje wolle dêrom op om in ferkoarte oplieding ta learaar Sorbysk te folgjen. Dêrmei soe op syn minst in part fan de hûndert fakatueres opfolle wurde moatte, seit Ludmila Budar fan de Sorbyske skoalleferiening.

It Sorbysk, in Slavyske taal dy’t liket op it Tsjechysk, wurdt praat yn it easten fan de dielsteaten Saken en Brandenburch. Op it stuit krije likernôch 5.500 bern Sorbyske les. Hja wurde yndield yn trije groepen: memmetaalpraters, twaddetaallearders mei wat foarkennis en frjemdetaallearders sûnder foarkennis. In protte skoallen yn it Sorbyske gebiet binne de ôfrûne jierren twatalich wuren. Dat betsjut dat in diel fan de lessen yn oare fakken mei it Sorbysk as fiertaal jûn wurde. Om dat mooglik te meitsjen, hawwe de bern ekstra begelieding nedich en dat wurdt mooglik makke troch neist de fêste ûnderwizer in ekstra juf of master oan te stellen, dat de bern by twa minsken te plak kinne.

Dy arbeidsyntinsive opset, de tanommen belangstelling foar it Sorbysk en it groeiende tal learlingen yn de streek soargje derfoar dat der folle mear leararen by komme moatte. Mei’t in protte sittende leararen tsjin har pensjoen oan sitte, is it ferlet fan opfolgers tige driuwend.

Yn de jierren njoggentich wie der in spesjale skoalle dêr’t minsken oplaat wurde koenen ta learaar Sorbysk. Dy is sletten. It Sorbysk is no in ekstra fak op ‘e hegeskoallen en der binne te min studinten dy’t dat kieze om alle fakatueres op te foljen. De oerheid fan de dielsteat Saksen is dêrom dwaande mei it opsetten fan in jûnsoplieding ta learaar Sorbsyk. Neffens Dawid Statnik fan de Sorbyske taalorganisaasje Domowina moat it in oplieding wurde dêr’t minsken mei in grut ferskaat oan foaropliedingen talitten wurde kinne, memmetaalpraters sawol as twaddetaalpraters fan it Sorbysk.

febrewaris 16, 2021 12:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.