Skate yn parkeargaraazje Hearrenfean

febrewaris 8, 2021 09:22

Jongelju út de gemeente It Hearrenfean meie mei de lockdown alle freeds fan 16.00 oant 20.00 oere skate yn de parkeargaraazje op It Hearrenfean.

Foto: Mustafa fan Persbureau Heerenveen

It fersyk kaam fia de tolvejierrige Thijmen by de gemeente. Nei oanlieding dêrfan binne der petearen fierd mei de skaters, it jongereinwurk fan Caleidoscoop en de buertsportcoaches. Ofpraat is dat jongelju oant en mei santjin jier út de gemeente It Hearrenfean, alle freeds fan 16.00 oant 20.00 oere gebrûk meitsje meie fan de ûnderste laach fan de parkeargaraazje. De buertsportcoaches en jongereinwurkers sjogge mei en coache. Underdiel fan de ôfspraak is dat der bûten dy tiden net mear skate wurde mei yn de parkeargaraazje.

Wethâlder Jaap van Veen: “Ik fyn it geweldich dat wy dit inisjatyf fan de jongerein stypje kinne. Jonge minsken hawwe leuk kontakt mei-inoar en nimme sels ferantwurdlikheid om dat goed ferrinne te litten. Wy binne mei-inoar op syk gien wat yn dizze koroanatiid foar jonge minsken wol mooglik is. Ferline wike wie de earste kear, en dat wie in grut sukses.”

Jongereinwurker Sanne: “Wy binne tige bliid en tefreden oer it inisjatyf. It biedt jongerein in moaie bezichheid. Dêrneist nimme de jongelju sels ferantwurdlikheid en sette we sa jonge minsken yn harren krêft. Dat is de essinsje fan ús wurk!”

Mei-organisator Allard: “Ik bin hiel bliid mei de gearwurking mei de gemeente. Dat wie earder net sa gebrûklik. No hawwe wy in plak dêr’t we inoar treffe kinne. Geweldich!”

It Hearrenfean die ferline wike mei oan de ‘boostwike’, dêr’t petearen mei jongerein sintraal yn stean om mei-inoar te sjen hoe’t se holpen wurde kinne yn dizze koroanarite. De skatemiddeis passe dêr goed by.

febrewaris 8, 2021 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.