Sjongeres fertelt oer bedriging fan Skotskpraters

febrewaris 2, 2021 10:39

Iona Fyfe

Yn Skotlân wurde trije talen praat. Benammen yn it noarden binne doarpen dêr’t de Keltyske taal Gaelic praat wurdt. Hja foarmje in lytse minderheid yn Skotlân. Fierders prate hast alle Skotten in eigen foarm fan it Ingelsk. De deistige taal fan de measte Skotten is lykwols it Skotsk, in taal dy’t wol nau besibbe is oan it Ingelsk, mar dy’t troch de sprekkers dochs as in eigen taal beskôge wurdt.

Dat is tige tsjin it sin fan guon Ingelsken en pro-Ingelsken yn Skotlân. Neffens sjongeres Iona Fyfe is der in taalstriid oan ‘e gong dy’t gefaarlike trekjes kriget. Hja sjongt yn it Skotsk en dat wurdt har net altyd yn tank ôfnommen. De jongfaam hat de finale helle fan de Skotske telefyzjetalintejacht Young Traditional Musician. Dêr krige se in soad rare reaksjes op, wêrûnder bedrigings.

“It kaam fan deselden as altyd. De minsken dy’t altyd lêbje oer de Skotske taal binne almeast pro-Ingelske figueren mei in Britske flagge as profylfoto ynstee fan in foto fan harsels”, sa seit hja.

Yn de kommentaren op ‘e sosjale media wurdt gauris sein dat frou Fyfe yn it Skotsk sjongt om’t se it Ingelsk net machtich wêze soe. Se soe ‘leech oplaat’ wêze.

Len Pennie

De sjongeres is net de iennichste dy’t kommentaar kriget op har Skotsk. De jonge dichteres Len Pennie, dy’t alle dagen in grappich Skotsk wurd besprekt, kriget deselde agressy oer har hinne.

Neffens taalkundige Pavel Iosad fan de universiteit fan Edinburgh litte sokke reaksjes sjen hoe’t de anty-Skotske beweging tsjin de pro-Skotske oansjocht. Dy lêste bestiet út jonge, heech oplate en faak kreätive minsken. Dy krije alle kommentaar oer har hinne. Der binne net folle echte taalorganisaasjes dy’t mei it Skotsk dwaande binne, sadat de frustraasje fan de anty-Skotske groepen him rjochtet op yndividuele sjongers en dichters. Dy frustraasje is neffens Iosad foaral rjochte op “alles wat ôfwikend is”.

Sjongeres frou Fyfe tinkt dat de anty-Skotske lûden “foaral polityk” binne, om’t minsken de striid foar it Skotsk assosjearje mei de loftse en Skotsk-nasjonalistyske partij SNP, in susterpartij fan de Fryske FNP.

Neffens har is it wichtich dat der in Skotske taalwet komt, dy’t derfoar soarget dat it Skotsk better beskerme wurdt en mear status kriget. Hja hopet dat de BBC yn Skotlân it dan ek as fiertaal brûke sil.

febrewaris 2, 2021 10:39
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaap Klimstra (Jabik Jans) febrewaris 2, 17:10

    It Skotsk heart like moai as wat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.