SjONG 2021 yn oanpaste foarm: gearwurking mei Cor Booy
Resint ferskynd
Omdat noch hieltyd net bekend is wannear’t skoallen foar fuortset ûnderwiis en teäters wer iepen meie, giet SjONG definityf oer op plan B, in koroanaferantwurde edysje. It Fryske sjongfestival foar jongerein tusken de 12 en 18 jier giet dêrfoar in gearwurking oan mei sinematograaf Cor Booy, makker fan Netflix-films.
In sjo yn in folle poppoadiumseal sit der net yn, mar de dielnimmers fan SjONG krije fan april oant maaie wol de kâns om harren muzikale en Fryske feardichheden te ûntwikkeljen mei aktiviteiten dy’t dêr net foar ûnder dogge! By SjONG skriuwe dielnimmers in Fryske tekst op in besteand nûmer. Dat bliuwt gelyk, mar fierder is it evenemint oars as oars. Dit is hoe’t SjONG 2021 derút sjocht:
1 Wurksjops
De ‘reade loper’ leit klear foar de dielnimmers by Zangles Friesland yn Ljouwert. Yn april krije se twa wurksjops om harren maksimaal ta te rieden op de audysjes. Sjongcoach Janneke Brakels en muzikant/songwriter Sytse Broersma traine de learlingen op sjongtechnyk, performance en tekstskriuwen. Mocht dat tsjin dy tiid net fysyk dien wurde kinne, dan bart it online fia Zoom.
2 Audysjes
In pear wike nei de wurksjops dogge de dielnimmers audysje. Fans kinne der net by wêze, mar wol meisjen fia in live stream. Twa bekende sjueryleden sykje trije winners út dy’t trochmeie foar de haadpriis: in muzykfideo opnimme.
3 Profi muzykfideo’s
Gjin grutte finale mei in seal fol minsken dit jier, mar wol in machtige priis foar de winners fan de audysjes: in superprofesjonele muzykfideo fan harren SjONG-nûmer. Net samar in fideoklip, want de makkers fan de clips, studinten AV-specialist en Podium- en Evenemententechniek fan Friese Poort Drachten, wurde it hiele proses coacht troch sinematograaf Cor Booy, makker fan Netflix-films en muzykfideo’s fan bekende artysten. Fansels wurde de artysten ek by it produksjeproses belutsen. Leuk en learsum.
De organisaasje tinkt dat SjONG, no’t hast alles ôfblaasd wurdt foar jongerein, op dy wize in spektakel wêze kin dêr’t dielnimmers nei útsjen kinne. By alles wurdt rekken holden mei de koroanamaatregels en wurdt mei bygelyks tiidslotten by workshops en audysjes wurke.
SjONG en LêsNo
SjONG hat dit jier ek in keppeling mei it lêsbefoarderingsprojekt LêsNo, dat op dit stuit op skoallen foar fuortset ûnderwiis rint. Mear as 4000 earsteklassers lêze it boek Wurden fan Timo, foar LêsNo skreaun troch Tialda Hoogeveen. It boek giet oer it muzikale famke Nanne, in gewoane teener dy’t yn in ûngewoane situaasje bedarret as har broer stjert troch in ferkearsûngelok. Muzyk spilet in grutte rol by har rouproses. Nanne docht yn it ferhaal ek mei oan SjONG.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje