Sint-Piter ferlit it lân
Resint ferskynd

Foto: Grouster Sint-Piterkomitee
De fiering fan it Sint-Piterfeest wie fan ’t jier gâns oars as oars. Sneintemoarn wie fia in livestreeam in tsjerketsjinst mei de Sint yn ’e Grouster Sint-Pitertsjerke te sjen (klik hjir). Dêr wiene lykwols gjin bern by, krekt sa’t dat by it ynheljen fan Sint-Piter op ‘e kaai ek net it gefal wie. Fansels wie dat om ’e koroanasykte dy’t noch altiten omgiet.
In oare feroaring wie dat Swarte Pyt of Hantsje Pik, Sint-Piter syn tradisjonele helper, der net by wie. Dy is ynruile foar Aldemar, in hearskip mei in hege hoed, in stofbril en in streekjese broek.
Sint-Piter en syn nije feint binne sneintemiddei mei de boat wer ôfset. Fansels hawwe de Grouster bern al kadootsjes krige.
Yn Noard-Fryslân wurdt Sint-Piter ek fierd, mar dan mei brânsteapels (it biikebrånen). Om deselde reden koe dat fan ’t jier ek net trochgean. Wol koene minsken sels fjurkes meitsje en dêr foto’s fan op Facebook sette.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje