Sina komt mei nij koroanafaksin
Resint ferskynd
Sina hat opnij in koroanafaksin ûntwikkele. It is it twadde faksin fan Sinopharm. It bedriuw stelt dat it faksin yn testen bewiisd hat foar 72,5 persint effektyf te wêzen. It Sineeske beoardielingskomitee moat noch goedkarring jaan, dan kin it op ’e merk brocht wurde.
It faksin is ûntwikkele yn Wuhan, dêr’t it koroanafirus foar it earst fêststeld waard. Yn Sina binne al twa faksins op ’e merk, in oar faksin fan Sinopharm en ien fan Sinovac. Mei dy middels binne al tsientallen miljoenen Sinezen yninte.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje