Simone Djurrema: Kâld!

febrewaris 13, 2021 20:00 Fernijd

Kollum

De dagen wurde al wer hiel wat langer. Ik haw efkes op in rychje set hoe’t dat der útsjocht fergelike mei Fryslân.*

Sa hiele grut is it ferskil net iens, of net! Wy krije der alle dagen wat mear minuten by as Fryslân om it gruttere ferskil tusken de koarte winterdagen en de langere simmerdagen yn te heljen. Moarns skeelt it winterdeis net in soad, middeis wol wat mear. Mar as de sinne skynt, skeelt dat ek fuort hiel wat deiljocht. Hoefolle wit ik net, misskien wol in oere.

Ferline moanne skreau ik dat de snie fuortreine soe. Doe hope ik dat it gau wer kâld wurde soe, en ik haw krige wat ik winske! Ik haw doe ek mar wat fan ’e snie en de kjeld nei jimme ta stjoerd. It is oankommen seach ik.

Ik “bestel” altyd snie dy’t samar fuortskood wurde kin fan de diken en dy’t op alle oare plakken moai lizzen bliuwt. En dan moat de sinne begjinne te skinen fansels. In winterwûnderlân sûnder de beswieren. As ik dat sis, krii ik fan in protte minsken it soere antwurd: “Ja, mar sa wurket it net yn it echt.” Ja, dat wit ik ek wier wol… Ik bin net ûnnoazel. Yn it Sweedsk hawwe se dêr in prachtige útdrukking foar: “Glädjedödare”. Dat betsjut letterlik pleziermoardner. Jimme begripe it wol. Lit my myn dreamen hawwe.

Altyd as ik it oer it bestellen fan waar haw, moat ik oan âlde Hindrik op ‘e fyts tinke. Hy fytste yn Tytjerksteradiel om mei flachjes oan it stjoer en wie altyd bliid. As wy him op it fytspaad tsjinkamen en it wie moai waar rôp er al fan fierren: “Hawwe jimme dit moaie waar besteld?” De lêste wurden waarden hast wei om ‘t we allang wer fierder fytst wiene. Dat binne moaie oantinkens.

Soks meitsje we hjir net mei. Der wurdt net sa hiel folle groete. In grut diel fan de Sweden is hiel bot op himsels. Der wurdt ek net sa hiel folle fytst. Allinnich wat yn de beboude kom. Mar no mei de snie en yn ‘e kjeld wurdt der fansels hast hielendal net fytst. It snieromjen op haaddiken, der’t de ambulânse del kinne moat, giet dei en nacht troch, mar yn ‘e beboude kom komt it pas nei sân, acht oere op gong. Se kinne dy earme snieskowers dochs net betider begjinne litte!!! Dat de ambulânse of it thússoarchpersoniel dan net by ien thús komme kin, der tinke se efkes net oan!

De dyk fan Mellerud nei ús is berucht. Haw ik ea ris ferteld dat ik by in kollega slept hie, omdat der hast net troch te kommen wie? As it aardich waait, hoecht it net iens te snijen, dan waait it bytsje snie wat der al leit wol oer de dyk. Binnen in healoere leit der sa wer fjirtich sintimeter. Fan ’e wike ried ik by de beruchtste bochtsjes del en njonken de dyk leine wol oardel meter hege bulten, wylst der mar sa’n tritich sintimeter fallen is. Fierderop leit der dan hast neat trochdat it dêr weiwaaid is.

Yn alle gefallen haw ik dizze kear krige wat ik alle jierren wer bestel. De diken binne ridlik skjin, hast oeral leit snie en boppedat skynt de sinne ek noch! It is krekt in mearke! Gelokkich is it hjir net in seeklimaat, dat meastal fielt it hjir net kâld oan. De buorman sit geregeld yn in fleecetrui bûten yn ‘e sinne. Wol út ‘e wyn dan, hin. In pear dagen lyn waaide it sa allemachtichst kâld. Gelokkich leine wy mei ús hûs yn ‘e lijte. En doe’t ik mei de hûn te kuierjen gie, bleau ik mar moai yn ’e bosk.

Dêr kinst no moai sjen hoefolle wyld oft der eins omrint. It is drok ferkear neffens alle spoaren dy’t ik sjoch. Hazzen, reeën, foksen, fûgels, mûskes en sa no en dan in eland. Harren poatôfdrukken binne like grut as myn maatsje 39. Dy wol ik mar net tsjinkomme, leau ik. Der binne ek allegerre plakken dêr’t de reeën lein hawwe.

Ik wurd der allinnich mar bliid fan. Ik wurd bliid fan ’e snie, de stikjes dyk der’t safolle snie leit dat ik tink: kom ik hjir wol troch mei de auto! It wyld datst no folle better sjochst tsjin de wytte eftergrûn. De sinne. It wurdt sa ljocht! De sinnebril mei wol op!

Mar fan ’e moarn wie it mar kâld. Yn ’e hûs wie it kâlder as oars, bûten wie it om njoggen oere noch net boppe de min 11, dat Hindrik kaam deryn fan it wurk oan it tiny house om de hannen te waarmjen en in termoskanne tee te heljen. Sels de hûn woe net te lang nei bûten, dat is net faak bard.

Mar de sinne skynt. De Sweden sizze: “Der bestiet gjin min waar, der besteane allinnich minne klean.” Dat ik moat aanst mar efkes de klean oan, de snút goed ynsmarre mei fet om efkes in filmke foar jimme te meitsjen.

 

* https://www.sunrise-and-sunset.com/nl/sun/zweden/trollhattan/2021/juni
Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
febrewaris 13, 2021 20:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.