Sels borduere mei de borduerskoalle fan it Frysk Museum

febrewaris 23, 2021 08:56

Yn gearwurking mei Crafts Council Nederland organisearret it Frysk Museum de Borduerskoalle. Ta gelegenheid fan de útstalling Haute Bordure, sa’t it no liket fan 3 maart ôf iepen foar publyk, biedt it museum in tal fan workshops, lêzingen en masterclasses oan. Fan Saansk stikwurk oant Sineeske borduertechniken en fan wurk mei goudtried oant eksklusive online lêzingen. 

Foto: Crafts Council Nederland

It Frysk Museum biedt borduerleafhawwers de unike kâns om har te ferdjipjen yn ferskate metoaden en techniken. Mei fjouwer ferskillende workshops, twa eksklusive lêzingen en seis brede masterclasses is der folop kar-út foar de borduerleafhawwer. En elkenien, fan ekspert oant begjinner, kin meidwaan.

Gearwurking mei Crafts Council Nederland
De borduerskoalle is in inisjatyf fan Crafts Council Nederland. Yn gearwurking mei it Frysk Museum waard foar de útstalling Haute Bordure in eksklusyf programma gearstald. Crafts Council Nederland is it lanlike platfoarm foar de kreative ambachten. It folsleine programma is te sjen op Crafts Council Nederland. Dêr is ek gelegenheid om jin oan te melden.

Fjouwer iuwen hânmakke borduerwurk
Sadree’t de doarren wer iepen meie, is yn it Frysk Museum in grutte útstalling oer bordueren yn de moade te sjen. Haute Bordure lit klean en nedichheden sjen dy’t yn Nederlân makke of droegen binne fan de 17de iuw oant no. Foar it earst ûntstiet der in dúdlik byld fan de rol dy’t hânmakke borduerwurk, de bewurking fan tekstyl mei nulle en tried, ynnimt yn de Nederlânske moadeskiednis. Yn de útstalling lit it museum sjen hoe’t borduerwurk brûkt waard en wurdt om mei te pronkjen: fan fluwielen, mei goudtried fersierde skuon út 1620 oant in ryk fersierde jurk fan Keninginne Máxima.

Borduerynstallaasje, podcast en publikaasje
Om de útstalling hinne is in wiidweidich aktiviteiteprogramma ûntwikkele. As it museum wer iepen is kin elkenien, fan begjinner oant ekspert, oanskowe by de ynteraktive borduerynstallaasje fan Floor Nijdeken yn de hal fan it museum. Of harkje nei eftergrûnferhalen en borduerfrustraasjes yn de eksklusive podcast trochborduere. Wa’t benijd is nei alle ferhalen achter de wurken yn Haute Bordure kin de ryk illustrearre publikaasje by de útstalling yn de webshop fan it Frysk Museum bestelle.

febrewaris 23, 2021 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.