Resept foar Yndyske snert

febrewaris 28, 2021 16:00 Fernijd

Foto: Wikipedia – publyk domein

In pittige fariant op de tradisjonele snert.

Yngrediïnten (8-10 persoanen):
– 700 gram splitearte
– 4 l. wetter
– 750 gr. klapstik of 500 gr. klapstik en 250 gr. farske woarst
– 2 preien
– selderijgriente
– 1 lytse selderijknol
– 15 gr. sâlt
– piper nei smaak
– piterseelje of koriander
– 400-500 gr. rys
– sambal
– bakte sipeltsjes

Waskje de earte en lit se in nacht yn 3 l. wetter weakje. Lit se de oare deis, ûnder út en troch rieren, siede mei it weakwetter, de wosken en yn skyfkes snijde prei, it tige fynhakte selderijgrien, de yn reepkes snijde selderijknol en it sâlt. Lit 1 l. wetter siede mei wat sâlt en sied dêryn it klapstik op leech fjoer foar 2,5 oere. Doch dan it klapstik mei de bûljon by de snert en lit it noch in healoere yn de sop meisiede. Sied it sop op leech fjoer, ûnder geregeld rieren, likernôch fjouwer oeren, oant it bûn is. Lit de wosken woarst it lêste trijefearn oere meisiede. Priuw oft it sop sâlt genôch is. Meitsje it sop ôf mei wat piper en de fynhakte piterseelje of koriander. It sop kin eventueel ek fegetarysk klearmakke wurde.

Sied foar de Yndyske fariant de rys. Skep in boaiemke searne rys yn in djip itensboard. Ming sambal nei smaak troch de rys. Skep no de snert derop. Bestruie mei de bakte sipeltsjes. Yt lekker/selamat makan!

Hawwe jo ek in tradisjoneel Frysk resept, of miskien wol in Frysk resept mei in eksoatyske twist, stjoer dat dan nei de redaksje fan It Nijs: ynfo@itnijs.frl.

febrewaris 28, 2021 16:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.