Fergees itensiedersboek foar klanten itensbank
Resint ferskynd
Reitse Spanninga en Pierre Wind, twa bekende telefyzjekoks, presintearje tongersdei 2 maart mei tolve studinten in fergees itensiedersboek foar klanten fan itensbanken. Dêr steane resepten yn dy’t basearre binne op gongbere yngrediïnten út pakketten fan ’e itensbank. Tagelyk ferskynt it ek as e-boek.
De tanimmende earmoede as gefolch fan de koroanakrisis brocht it kleurrike team byinoar. Se wolle dat elkenien lekker ite kin, ek minsken dy’t ôfhinklik binne fan de itensbank. Inisjatyfnimmer fan it projekt is Jaap Jonkers. “Der binne legio minsken dy’t har ynsette foar oaren, al dy hertferwaarmjende aksjes fertsjinje wurdearring en stipe.”
It team is op syk nei lokaasjes om de fergeze itensiedersboeken te fersprieden. Dêrby wurdt net allinne oan itensbanken tocht, mar ek oan oare lokaasjes dêr’t Nederlanners inoar helpe mei it krijen fan iten: tsjerken, ferieningen en de ûntelbere Nederlanners dy’t út harren eigen hûs, hok of winkel wei sokke help oanbiede. Suggestjes dêrfoar kinne trochjûn wurde oan contact@jaapjonkers.nu.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje