Reaksje provinsje Fryslân op advys DINGtiid oer skoalynspeksje Frysk

febrewaris 11, 2021 11:07

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

De skoalynspeksje foar it fak Frysk moat dochs by it Ryk bliuwe en net oerdroegen wurde oan de provinsje. Dat befellet advysorgaan DINGtiid by de provinsje oan. De besteande rolferdieling soe goed wêze. Sjoch ek dit berjocht fan juster op It Nijs.

Deputearre Sietske Poepjes hat har der by it Ryk foar ynset om de ynspeksje foar it Frysk yn it basis- en fuortset ûnderwiis oer te dragen fan it Ryk nei de provinsje. Tafersjoch troch de provinsje soe helpe kinne om de kwaliteit fan it fak Frysk te ferbetterjen. Poepjes seit yn in reaksje yn it Frysk Deiblêd: “It is in earlik advys. Wy sille it earst yn it kolleezje bestudearje en besprekke.” Hja koe noch net sizze oft se it adyvs fan DINGtiid oernimt.

De bedoeling is dat alle skoallen yn Fryslân yn 2030 oan alle kearndoelen foar it fak Frysk foldogge. De skoalynspeksje moat dêr tafersjoch op hâlde.

De FNP hat ek op it advys fan DINGtiid reagearre. It stribjen fan dy partij foar in eigen ûnderwiisynspeksje bliuwt stean. Sjoch dit berjocht fan It Nijs fan hjoed.

febrewaris 11, 2021 11:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.