Pier Bergsma: Oer plofhinnen en firussen

febrewaris 25, 2021 10:42

Skôging

Yllustraasje © Stichting Wakker Dier

Hinnen, kalkoenen en oare bisten yn de bioyndustry sitte yn ûnfoarstelber grutte oantallen byinoar opproppe. Dy miljoenen dieren binne foar it grutste part klonen faninoar. Se binne fokt om in sa grut mooglike produksje te heljen. By hinnen giet it om it boarststik. Dy ‘filet’ smyt it measte jild op. De hinnen wurde sa fuorre dat se nei koarte tiid slachte wurde kinne foar it meagere fleis. De genetyske fariaasje je lyts. As in firus yn sa’n groep gelike bisten telâne komt, raast it dertroch, sûnder de wjerstân dy’t yn in fariabeler populaasje de fersprieding folle dreger makket.

De Amerikaanske evolutionêr biolooch Rob Wallace skreau der yn 2016 in boek oer Big Farms Make Big Flu. Wallace is lid fan it Amerikaanske RIVM en fan de FAO. Hy is net de iennige dy’t in breed publyk wit te beriken mei syn publikaasjes en warskôgingen. De romanskriuwer Jonathan Safran Foer fan Alles is verlicht en Extreem luid en ongelooflijk dichtbij skreau yn 2009 Eating Animals. Dat boek yn it Nederlânsk as Dieren Eten beskikber.

Firussen fan bisten springe oer nei minsken. De sykten dy’t dêrtroch ûnsteane, neame we soönoazen. Het RIVM hat in list fan sa’n fjirtich soönoazen lykas hûnsdûmens, Lyme en botulisme. De Partij voor de Dieren hat der in ynstruktyf filmke oer makke, dat brûkt wurdt by de promoasje fan de partij. It is ek te sjen op ynternet. Der is yn it ferline spotsk dien oer dy partij dy’t yn 2006 yn de Keamer kaam “mei harren geëamel oer bisten”. Nei de Q-koarts fan septimber 2007 en Covid fan no sjogge in soad minsken der oars tsjin oan.

12 miljoen bargen, 3,5 miljoen kij, 80 miljoen hinnen

Wy hawwe yn 2020 seis kear safolle geiten yn Nederlân as oan it begjin fan dizze iuw. Dat binne der mear as 600.000. Dan hawwe wy 12 miljoen bargen, 3,5 miljoen kij, 80 miljoen hinnen en 17 miljoen minsken. Dat moat foar problemen soargje. It is net om ’e nocht dat der yn de polityk praat wurdt oer it útkeapjen fan bedriuwen.

Sa’n 75% fan de ynfeksjesykten komt fan bisten. Gjin lân yn de wrâld hat safolle bisten op sa’n bytsje grûn as Nederlân. Alle jierren wurde der yn ús lân nei in koart en grouwélich libben miljoenen bisten deamakke. Dat kin sa net langer. De partijen dy’t har sterk meitsje foar minder bisten hawwe op dit stuit mei-inoar 38 sitten yn de Twadde Keamer: D66 hat 19, Groen Links hat 14 en de Partij voor de Dieren hat der 5. Dat sil by de ferkiezing fan 17 maart net folle grutter wurde, bin ik bang. De measte politisy litte har liede troch wat it folk fynt en se binne benaud foar harren posysje. Sil der wat feroarje, dan hawwe wy moedige politisy nedich, mar wa’t de wrâld ferbetterje wol, moat by himsels begjinne.

 

 

 

febrewaris 25, 2021 10:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.