Parrebeammen besoarge yn Fryslân

febrewaris 24, 2021 08:40

Tiisdei binne Lânskipsbehear Fryslân (LBF) en de Fryske Miljeufederaasje (FMF) úteinset mei it besoargjen fan 3.580 parrebeammen troch hiel Fryslân. Ferline jier streamden bestellingen fan de beammen binnen mei it projekt Plan Boom.

Foto: Johan Dirk van der Schaaf/FMF

Om’t in ôfhelpunt no net mooglik is, hawwe de organisaasjes in beammebesoarchtsjinst yn it libben roppen. De besoarchtsjinst leveret de beammen op feilige ôfstân by minsken foar de doar ôf. Mei it projekt Plan Boom wolle de partijen de kommende jierren op syn minst 700.000 beammen yn Fryslân plantsje. Foar in lytse bydrage koene minsken har oanmelde foar de beammebesoarchtsjinst mei plantynstruksje oan hûs ynbegrepen. Op it stuit is oanmelden net mear mooglik.

Beammen op skoalle
Ferline jier binne de earste beammen al besoarge. Tsientallen skoallen en bernedeiferbliuwen hawwe yn de earste omgong beammen krigen foar op it plein. Yn kombinaasje mei in lespakket fan Jong Leren Eten. Op dy wize wurdt derfoar soarge dat bern yn oanrekking komme mei sûn en lokaal iten.

Foto: Johan Dirk van der Schaaf/FMF

Grûneigners socht
Njonken de besoarchtsjinst is Plan Boom yn Fryslân op syk nei grûneigners dy’t minimaal in heale hektare oan grûn beskikber stelle wolle foar it oanplantsjen fan beammen yn Fryslân. Partikuliere grûneigners dy’t belangstelling hawwe, kinne kontakt opnimme mei it tiim fan Plan Boom fia www.planboom.nl/grondeigenaar.

Plan Boom
Plan Boom is in lanlik projekt fan de Natuer- en Miljeufederaasjes. It is de bedoeling dat yn hiel Nederlân de kommende jierren tsien miljoen beammen plante wurde. 700.000 dêrfan komme yn Fryslân te stean. De beammen wurde plante yn tunen, bermen, plantsoenen, parken, bedriuweterreinen en yn it bûtengebiet. Dêrmei wurdt de CO2-útstjit ferlytse en wurdt it libbensfermidden moaier, griener, frisser en sûner.

It projekt Plan Boom wurdt mei mooglik makke troch de stipe fan de dielnimmers fan de Nationale Postcodeloterij. De Natuer- en Miljeufederaasjes ûntfange in bedrach fan de lotterij om yn fjouwer jier tiid tsien miljoen beammen te plantsjen yn Nederlân.

febrewaris 24, 2021 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.