Osteoporose

febrewaris 13, 2021 20:10

Skôging

Yn de media stie in berjocht dat ôfrûne freed wol sa’n hûndert minsken yn Fryslân as iisslachtoffer mei brutsen bonken, benammen pols, telâne kamen yn de Fryske sikehuzen. In lytse meidieling mar mei grutte gefolgen foar de minsken sels en fansels ek foar de gipskeamers.

Hawwe de reedriders no gewoan tsjinslach of spilet der wat mear lykas ferlies fan kalk dat de bonken brosser wurde? By it âlder wurden nimt de bonkemassa ôf trochdat it ôfbraakproses tanimt en de opbou ferminderet. Fierder is de stevigens fan de bonke sels ek minder wurden yn de rin fan de tiid. Dêrtroch nimt it risiko op fraktueren ta, spontaan of by delknoffeljen. De kosten foar de sûnenssoarch binne jierliks as gefolch dêrfan ûnbidich grut.

It is fansels dat it oan ’e iene kant wichtich is om genôch fitamine D, kalk en magnesium yn te nimmen, geregelwei alle dagen efkes yn de sinne te wêzen, genôch lichemsbeweging te krijen en ferantwurde iten te nimmen en oan ’e oare kant net te folle alkohol en nikotine ta jin te nimmen.

Mar it is ek sa, dat net allinnich de âldens en it ferlies fan beskermjende hormoanen lykas as oestrogenen by de frou yn de menopauze en testosteron by de man in rol spylje, mar dat sykten fan lever, nieren, skyldklier, bynier en reuma flugger ta osteoporose liede.

Belangrike oarsaak is it brûken fan ferskate medisinen, bygelyks it langduorjend ynnimmen  fan prednison, dat it tanimmen fan de ôfbraak tige stimulearret. De diagnoaze wurdt steld troch it DEXA-apparaat dat de mineraal tichtens mjit fan de bonken.

De behanneling rjochtet him yn it bysûnder op dieet, beweging en op it tefoaren kommen fan it gebrûk fan sliep- en kalmearringsmiddels, op fysioterapy en op it weinimmen fan obstakels yn ’e hûs lykas drompels ensfh. Om it fallen foar te kommen.

Medisinen:
Ekstra kalk mei sa’n 500-1000 mg as tablet en vit D 800 IE.
By heechrisikopasjinten oangeande it fallen: bifosfonaat yn it foarste plak en oars in hormoanpreparaat, raloxifene of strontium. Alles fansels fia de húsdokter of spesjalist.

Matthijs Verkuijl

febrewaris 13, 2021 20:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.