Online wurksjop ‘Psychology fan dyn taal’

febrewaris 3, 2021 08:56
Yn febrewaris organisearret de Afûk de wurksjop ‘Psychology fan dyn taal’. Foar minsken dy’t it nijsgjirrich fine om mear te witten oer de psychology efter taal en dy’t ynsjoch krije wolle yn hoe’t se sels mei taal omgeane, is dat in moaie kâns om dêr wat oer gewaar te wurden. De wurksjop wurdt fjouwer kear online – en fergees – oanbean.

Ofbylding: Afûk

Alle wurksjops binne fan 19.30-22.00 oere:
Moandei 8 febrewaris (fol)
– Tiisdei 16 febrewaris
– Woansdei 24 febrewaris
– Tongersdei 25 febrewaris

Oanmelde
It oanmelden giet mei in mailtsje nei praatmarfrysk@gmail.com dêr’t namme en telefoannûmer yn neamd wurde en hokker jûn it bêste útkomt. De organisaasje lit sa gau mooglik fan him hearre.

Mear ynformaasje is te finen op: www.praatmarfrysk.nl/taalpsychology.

febrewaris 3, 2021 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.