Online Startersdei foar ûndernimmers

febrewaris 13, 2021 08:31

Digitale gearkomste oer suksesfol starten of groeien yn krisistiid

Op tongersdei 18 febrewaris organisearret Startersdagen.com yn gearwurking mei Interpolis en oanfoljende kennispartners in online gearkomste oer it suksesfol begjinnen of fierder groeie litten fan in eigen ûndernimming. It evenemint wurdt folslein online holden en bestiet út in plenêr rûnetafelpetear “samen sterk uit de crisis”, ferskate fraach- en antwurdsesjes en it folgjen fan ferskate webinars.

Foto: Businessevenementen.com

Foar wa?
It evenemint is ornearre foar elkenien dy’t deroer neitinkt om in eigen bedriuw te starten, krekt begûn is of al in skoftke ûndernimt en fierder groeie wol. It hiele programma is derop ynrjochte om safolle mooglik op in ynteraktive manier kennis en ynspiraasje op te dwaan, mei in fariearre programma.

Programma
It programma bestiet út in plenêr rûnetafelpetear dêr’t ferskate gasten yn mei-inoar yn petear geane oer hoe’t yn de hjoeddeiske tiid dochs in suksesfolle ûndernimming opboud wurde kin. Der komme ek suksesferhalen oan bod en in ûndernimmer fertelt hoe’t er dat oanpakt hat. Yn de fraach- en antwurdsesjes kinne besikers mei de kennispartners yn petear oer tema’s lykas marketing, finânsjes, kredytferstrekking, risikobeheining en passyfol ûndernimmerskip.

Dêrnei is it mooglik om in kar te meitsjen út ferskate presintaasjes yn ’e foarm fan webinars. Alle besikers hawwe de mooglikheid om twa webinars te folgjen oer ûnderwerpen as it finen fan klanten, it suksesfol ynsetten fan online marketing en hoe’t it ideale oeretaryf bepaald wurdt.

Oanmelde
Dielnimme oan it programma is fergees. Oanmelde is mooglik fia www.startersdagen.com/onlinestartersdag. Dêr is ek it folsleine programma te besjen en in oersjoch fan alle dielnimmende kennispartners.

febrewaris 13, 2021 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.