Oade oan Leonard Cohen streekrjocht by Omrop Fryslân

febrewaris 1, 2021 08:51 Fernijd

It Noord Nederlands Orkest bringt op 4 febrewaris in symfoanyske oade oan singer-songwriter Leonard Cohen. It konsert is fan 16.00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Op freed 5 febrewaris is it ek op telefyzje te sjen om 20.30 oere. It NNO-konsert A symphonic tribute to Leonard Cohen wurdt laat troch dirigint en arranzjeur Dirk Brossé, mei Vera Mann en René van Kooten as sjongers.

Boarne: NNO

Leonard Cohen wurdt sjoen as ien fan de wichtichste singer-songwriters út de popmuzyk. Syn earste hits datearje út de jierren sechstich en syn lêste album produsearre er yn 2016, doe’t 82 jier wie, flak foar syn ferstjerren. Yn al dy jierren is er by in grut publyk bekend en yn trek bleaun; noch yn 2013 trede er op foar in útferkocht Ahoy en Ziggo Dome. Syn hannelsmerk wie de donkere, rauwe stim, dêr’t er syn poëtyske teksten oer hoop, leafde, it libben en de dea ekstra djipgong mei joech.

A symphonic tribute to Leonard Cohen
Yn dit konsert, mei hits as ‘Hallelujah’, ‘Suzanne’, ‘So long Marianne’, ‘First we take Manhattan’ en ‘Take this waltz’, is te hearren dat Cohens krêftige melodyen ek yn in orkestrale jas ta har rjocht komme. Sjoch foar mear ynformaasje oer it konsert op: nno.nu/concert/symphonic-tribute-to-leonard-cohen.

NNO-konsert livestream en op telefyzje
It konsert op tongersdei 4 febrewaris wurdt yn ferbân mei de jûnsklok middeis spile en is fan 16.00 oere ôf live te folgjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De registraasje fan it konsert is op freed 5 febrewaris om 20.30 oere op telefyzje te sjen en op peaskemoandei nochris.

febrewaris 1, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.