Nuvere buorlju (ferhaal)

febrewaris 6, 2021 07:27

Boarne: Argyf Jangerben

Us buorlju, Jokke en Blijke, binne wat bysûndere minsken. Myn oandacht foel ris op Blijke har klaaiïng. “Heden Blijke, wat rinne jo der frjemd by, it iene swarte jak oer ’t oare hinne?”
“Och ja”, sei se, “ik ferlear myn muoike, doe moast ik yn ’e rouwe en ik kocht in swart jak. En jandoarje, ferline tiisdei ferlear myn man syn muoike. Wat moast ik? Ik koe myn man net blamearje en doch foar myn famylje wat, dat ik net om sines dwaan soe. Ik kocht nochris in swart jak en ik draach no sadwaande twa. It is ûngemaklik, mar wat sil men?”

Blijke hie in ferstannige man. Dêr haw ik ienkear in bysûnder bewiis fan hân. Ik stie op in moarn foarhûs, doe’t Jokke deroan kaam. “Wat tinke jo fan ’t waar”, frege er, “soe it hjoed droech bliuwe? Ik woe der hjoed op út.”
“No”, andere ik, “ik tink dat it op reinwetter útdraait. Dy hoanne dêr op jo skuorke stiet mei de kop nei de ferkearde hoeke. As de wyn wat falt koe it wolris begjinne te reinen.”
“Ei kom!” sei Jokke, “tinke jo der sa oer?”

En yn stee fan op reis te gean, lykas ik miende dat er dwaan soe, gie er werom. In poaske letter seach ik Jokke by syn skuorke it dak op gean en doe’t er boppe wie, draaide er de waarhoanne om en bûn er him mei in ein tou fêst.
“Jokke”, rôp ik, “wat dogge jo no?”
“Wol”, sei er, “ik wol hjoed op reis en leafst moai droech waar hâlde. En om’t jo seine dat de hoanne mei de kop de ferkearde kant út stie, tocht ik, as it dêroan leit, dan wit ik der wol rie op. Sjogge jo, no kin er net wer mei de kop de ferkearde kant út draaie. Tûk fan my, fynst net!”
Ik lake ris en sei: “Dêr ha jo gelyk oan.”

Jokke stiek der moedich op út, mar it duorre net mâle lang of it reinde dat it easde. It like him it bêste mar ta om werom te kearen en hy kaam trochwiet by my delsetten. “No hast my ek moai kroade”, sei er. “Hie ’k de hoanne mar stean litten sa’t er stie. Dat hie fêst better west. It sil tiid nedich ha ear’t ik dy wer leau. Dat bist hat der gjin skuld oan.”

Boarne Sljucht en rjucht. Neiferteld troch Jangenben.
febrewaris 6, 2021 07:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.