NS (Net Seure)

febrewaris 20, 2021 10:31

Ynstjoerd

It is wer safier. Amper falle de earste snieflokken en is de temperatuer ûnder nul sakke of alle treinferkear komt stil te lizzen. De wiksels skine beferzen te wêzen. Dat wie jieren lyn doe’t we noch echte winters hiene al wizânsje, mar men soe ferwachtsje dat NS en Prorail de lêste jierren dat der fan snie of froast amper sprake wie, de tiid hiene om alle technyske problemen fan beferzen wiksels definityf op te lossen. Mar neat dêrfan, de problemen binne sa’t skynt ûnoplosber yn dizze moderne tiid. NS en Prorail beroppe harren op oermacht. Mar dat ferlechje is net fol te hâlden as men wit dat yn Ruslân de treinen wol ride by temperatueren fier ûnder nul, it Transsibearyske Spoar sels by -40 graden. Wêrom nimme NS en Prorail net kontakt op mei de de Russyske Spoarwegen om fan harren te learen hoe’t sy it klear spylje? Of mei dat net fanwegen politike redenen? Dan ek mar net langer seure dat je der neat oan dwaan kinne.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer
8 febrewaris 2021

febrewaris 20, 2021 10:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.