Noardlike biblioteken mei-inoar yn aksje foar it Beatrix Bernesikehûs

febrewaris 10, 2021 11:46

De Fryske biblioteken, Biblionet Grins, Foarum Grins en Biblionet Drinte sette har mei-inoar yn foar it Beatrix Bernesikehûs. Tidens in live-útstjoering oer foarlêzen op 12 febrewaris om 16.00 oere sammelje de noardlike biblioteken jild yn foar it Bernesikehûs, sadat noch mear sike bern foarlêzen wurde kinne. Want fan foarlêzen fiele je je in lyts bytsje better.

Foto: Fers.nl

Oanlieding foar de ynsammelaksje is it spannende berneboek Loep en de Pyroman, skreaun troch Allart Hakvoort. Fan de opbringst fan elk ferkocht boek wurdt 40 persint oan it Beatrix Bernesikehûs donearre. De biblioteekorganisaasjes hawwe mei-inoar 100 eksimplaren fan it boek ynkocht. Boppedat ferdûbelje se de donaasje dy’t harren oankeap oplevere hat.

Krêften bondelje
“As biblioteke-netwurk binne wy dei yn dei út dwaande mei hoe’t wy ús stientsje bydrage kinne oan in bettere, moaiere mienskip. Ik fyn it prachtich dat we op dizze manier as noardlike biblioteken ús krêften bondelje”, fertelt Sandra van Gaalen, bestjoerder fan Fers, “want úteinlik hawwe wy hjirmei allegear itselde doel: de sike bern yn gedachten efkes yn in oare wrâld wêze litte.” It is foar it earst dat de fjouwer noardlike biblioteekorganisaasjes gearwurkje foar in goed doel. Mei-inoar fertsjintwurdigje se 98 biblioteken yn Fryslân, Grinslân en Drinte.

“In wrâld dêr’t gjin sykte en pine is”
“Wy hiene dat bedrach oermeitsje kinnen, mar woene graach mear foar it Beatrix Bernesikehûs dwaan”, fertelt Rachel van den Hoogen, bestjoerder fan Biblionet Grins. “De pedagogysk meiwurkers yn it sikehûs lêze geregeld foar. It is in middel om kontakt te meitsjen mei de bern en it is in ûntspannende ôflieding. Al lêzend de bern efkes mei te nimmen yn in wrâld dêr’t gjin sykte en pine is.”

“Sa kamen we op it idee om in live-útstjoering oer Loep, it Bernesikehûs en foarlêzen te meitsjen”, follet Richt Pander, haad Publyk fan Foarum Grins, oan. “Want foarlêzen is foar élk bern wichtich. It stimulearret de fantasy en taalfeardichheid. En it is gesellich om tegearre in boekje te lêzen. Dat gunne je elk bern en foaral in siik bern. Wy hoopje dat de útstjoering minsken net allinne stimulearret om foar te lêzen, mar ek dat it wat ekstra’s opleveret foar it Beatrix Bernesikehûs. Yn de foarm fan direkte donaasjes, of troch it boek te keapjen.”

Live-útstjoering fia ferskate kanalen fan biblioteken
Yn de live-útstjoering op de Facebook-pagina fan ûnder oare Fers, Biblionet Grins en Foarum Grins, op 12 febrewaris fan 16.00-16.45 oere, giet Arno van der Heyden yn petear mei skriuwer Allart Hakvoort, foarlêskonsulint Renske Thalen en Barbara Baijens fan de Stichting Vrienden Beatrix Kinderziekenhuis. Under de útstjoering kinne sjoggers in donaasje dwaan.

Loep yn aksje foar it Beatrix Bernesikehûs
Freed 12 febrewaris 16.00-16.45 oere
Live te folgjen fia de webside: fers.nl/nieuws/actie-beatrix-kinderziekenhuis
Of fia Facebook: www.facebook.com/wijzijnfers
Besjoch hjir de aksje/donaasje-pagina: www.steunbeatrixkinderziekenhuis.nl/actie/noordelijke-bibliotheken

febrewaris 10, 2021 11:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.