Nije kampanje Omrop Fryslân
Resint ferskynd
Fan hjoed ôf pakt Omrop Fryslân út mei in nije kampanje. Troch hiel Fryslân binne de moaiste kwoots út de programma’s fan Omrop Fryslân te sjen.
Bygelyks fan Fryslân DOK dizze kwoot út ien fan de dokumintêres: ‘Jo moatte soms ien tsjinkomme dy’t wat fierder is as jo’. Of ‘Fryske wappies fernuvere oer wappie’ út de Omrop-app. Tsjin elkenien wol Omrop Fryslân mei de kampanje sizze: “Kom fierder, sjoch en harkje nei ús programma’s en ûntdek mei ús wat Fryslân te fertellen hat.”
Nijsgjirrich wurden nei de eftergrûn en de tsjutting fan de útspraken yn de kampanje? Hâld dan Omropfryslan.nl yn ‘e gaten, set de radio op 92.2FM of sjoch op Omropfryslan.nl/komfierder. Dêr fine jo mear ynformaasje oer de kampanje. Hawwe jo fragen of wolle jo ris wat oan de Omrop kwyt? Dan kin altyd fia ynfo@omropfryslan.nl.
Mocht dit wurd ynboargerje yn Fryslân, dan graach ‘wappy’ staverje, omropfriezen!