Nije Frysktalige podcast: in ûnsinnich ferhaal

febrewaris 25, 2021 08:27

Webside de Moanne publisearret absurdistyske kantoarthriller

In nije Frysktalige podcast yn de foarm fan in fjouwerdielich harkspul makket de lockdown ynkoarten wat draachliker. Fan 3 maart ôf is yn in ûnsinnich ferhaal de kantoarthriller Gaazte Sjoerd te hearren fia de webside fan de Moanne, tydskrift en poadium foar kultuer en de keunsten.

Foto: De Moanne

Rûch ferhaal
Yn Gaazte Sjoerd – Rûge podcast laat makker Johannes Keekstra de harker troch de aventoeren fan kantoarklerk Gaazte Sjoerd, dy’t er op moandeitemoarn oant it skoft belibbet. Gaazte Sjoerd (ja, it is Gaazte en net Gaatze) wurket al tweintich jier yn it fersekeringskantoar fan seis ferdjippings, en hy hat al dy jierren in grut, roetswart geheim. Hoe’t er dêr mei omgiet tusken syn neiste kollega’s en de bloedmoaie Sytske, mei de lêst fan syn âlden op ’e skouders, meitsje we mei yn it harkspul fol kantoarlûden, mei de voice-over fan Johannes en spilers Ruurd-Jan Torensma en Marjan Terpstra. De ôfleverings fan sa’n acht minuten lang ferskine om de fjirtjin dagen op woansdei op www.demoanne.nl.

Trochbrekke
De podcast past yn de nije oanpak fan it literêr tydskrift, dat sûnt dit jier ek in nije redaksje hat, te witten Amarins Geveke as haadredakteur en Tialda Hoogeveen as einredakteur. Mei frisse plannen en mear oanwêzigens op it digitale flak komt de Moanne, dit jier 20 jier âld, mei noch mear aktuele uterings nei bûten. Foar teätermakker Johannes Keekstra is de podcast in moaie útlitklep yn dizze tiid dêr’t oare aktiviteiten yn fuortfalle, lykas in teätrale kuier dy’t er oars regissearje soe en aktearwurk dat troch koroana ôfsein waard. Dêrnjonken trochbrekt it absurdistyske ferhaal it hurde wurk dat de skriuwer no ferset foar syn projekt dat op kommendewei is. Johannes: “Ik wurkje oan in boek en teäterstik oer dûmny/dichter Francois HaverSchmidt, better bekend as Piet Paaltjens; dat sil ein dit jier allegear los. Ik siet dêr ôfrûne jier al moannen djip yn en ik fernaam dat ik my bot fêstbiet yn histoarje en feitlikheden. Ik krige echt ferlet fan gewoanwei in los ferhaal te fertellen dat alle kanten út mei en nearne op slacht. Benammen dat lêste is mei dizze podcast goed slagge: it is healwiis, wat befrijend wurket en my in protte wille jout. Boppedat kin ik myn voice-over-keunsten en apparatuer yn dizze nuvere tiid sa better ûnder de knibbel krije. Prachtich dat de Moanne it ek noch oppakt.”

febrewaris 25, 2021 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.