Nederlânske ekonomy is oan it jojo’en
Resint ferskynd
Hoe’t Nederlanners fan ‘t jier mei jild omgien binne, sa raar hawwe se it jit net earder dien. Doe’t de koroanakrisis hast in jier lyn begûn, holden de minsken it jild yn ‘e beurs en de totale útjeften sakken mei 8,5 persint, mar yn de trije moanne dêrnei waard dat hast wer goed makke trochdat minsken just folle mear útjoegen as ornaris. De ekonomy woeks wer mei 7,8 persint.
Oer it fosleine jier metten is de ekonomy mei 3,8 persint tebekrûn. Dat is navenant in soad. It is de hurdste tebekgong yn in jier tiid sûnt de Twadde Wrâldoarloch. Tagelyk docht Nederlân it neffens in protte oare Europeeske lannen sa min noch net. De lannen dêr’t mei de euro betelle wurdt, hiene trochinoar in ekonomyske delgong fan 6,8 persint.
Opfallend is neffens it CBS dat Nederlanners yn ‘e thússitterstiid in protte jild útjûn hawwe oan iterij, drank, guod om it hûs kreazer te meitsjen, kompjûters en elektrysk reau. Dat makket de legere útjeften oan bygelyks restaurants, museums en benzine net goed, mar it hat de ekonomyske klap wol minder hurd makke.
De oerheid hat navenant in protte jild útjûn oan plysje, definsje en amtnerij.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje