Moaie ferhalen oer gearwurking yn koroanatijd yn ‘Helden van nu’

febrewaris 17, 2021 08:51 Fernijd

Grutsk op de meiwurkers fan de gemeente én op de ynwenners fan Weststellingwerf, dat komt nei foaren yn it SBS6-programma ‘Helden van nu’. Dêr is yn te sjen dat de gemeente yn dizze koroanaperioade yn ferbining bliuwt mei ynwenners en organisaasjes. Troch gear te wurkjen wurdt der in soad berikt. De útstjoering fan it programma, mei twa moaie ferhalen, is te sjen op snein 21 febrewaris om 16.30 oere by SBS6.

Boarne: SBS6/Gemeente Weststellingwerf

Fleksibel yn koroanatiid
De yntelliginte lockdown, de oanskerpe maatregels, de fersoepelingen – der wurdt wat frege fan ynwenners, de ferieningen en ûndernimmers. Hieltyd wer oanpasse op it belied dat de oerheid fiert. De meiwurkers fan de gemeente beseffe mar al te goed dat der hiel wat oan te pas komt. Dêrom sykje se oanhâldend troch nei gearwurking, sjogge se nei de mooglikheden en tinke se mei oer mooglike oplossingen.

In blik yn ’e keuken fan de gemeente
Presintator Kevin Brouwer komt twa meiwurkers ûnder it wurk oer ’t mad. Alderearst wurdt dúdlik wat der allegear barre moat by it opsetten en organisearjen fan de needopfang by it sluten fan skoallen en berne-opfang. Wêr kin de gemeente de berne-opfang de Kinderkei mei helpe om it proses goed en flot ferrinne te litten? Dêrnei folget in besite oan kuorbalferiening Leonidas. Hoe kin der dêr foar soarge wurde dat de jongerein yn beweging en mei-inoar yn kontakt bliuwt?

Allegear helden dy’t yn dizze koroanatiid hurd wurke hawwe om Weststellingwerf leefber te hâlden en de mienskip te bewarjen.

De útstjoering wurdt nei 21 febrewaris noch in pear kear werhelle. Dat sil wêze op:
– sneon 27 febrewaris om 11.00 oere by SBS6
– sneon 27 febrewaris om 14.00 oere by Net5
– sneon 17 july om 11.30 oere by SBS6

febrewaris 17, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.