Meksikaanske migranten meie asyloanfraach yn FS ôfwachtsje
Resint ferskynd
It regear Biden wol tsientûzenen migranten dy’t no yn Meksiko harren asyloanfraach ôfwachtsje, de Feriene Steaten ynlitte. It giet om likernôch 25.000 minsken fan wa’t yn de Feriene Steaten al in asyloanfraach rint, mar dy’t fan it regear Trump earder it lân net yn mochten.
Hja wurde fan takom wike ôf stadichoan de grins oerlitten by trije grinspunten. Dêr moatte se har registrearje litte en wurde se op de koroanasykte test. Deis kinne inkelde hûnderten asylsikers trochlitten wurde. De autoriteiten wolle dêrmei foarkomme dat migranten yn sân hasten nei de trije punten ta gean.
In wichtich punt út Trumps antymigraasjebelied wurdt mei dit plan skrast. Under it saneamde ‘bliuw yn Meksiko’-belied waarden tsientûzenen asylsikers nei Meksiko weromstjoerd. Hja kamen meastal yn tintekampen telâne. In gerjochtshôf oardiele ferline jier dat it belied stridich wie mei migranterjochten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje