Mear as tritich jier fêsthâlde oan in idee (3)

febrewaris 15, 2021 16:41

Willem Verf. Foto © Tresoar

Brede Maatskiplike Diskusje Frysk (3)

troch Willem Verf

Wat ik sa nuver fyn, is dat in laach fan Fryske kultuer-pommeranten it normaal fynt dat hja al desennia ûnderling deliberearje oer it Frysk, oer de takomst fan de taal, it ûnderwiis yn it Frysk en dat soarte fan saken. Yn advysgremiums en mei sympoasia bygelyks. Sûnder dat it in soad opsjit.

Yn dyselde rûnten wurdt meast ôfhâldend reagearre op it idee fan in BMD. Soe it stadichoan net ris better wêze en lit ‘gewoane’ Friezen kedize oer it Frysk en wat dêrmei anneks is? Dat smyt nei alle gedachten net minder op as it krewearjen fan de beropsfriezen…

It twadde punt dat ik hjir neame wol is fierhinne serieuzer. Yn de petearen dy’t wy as BMD-rûnte (ús stichting is yn 2012 oprjochte) de lêste jierren organisearren, kamen we krekt by bewegingsminsken faak alderearst de soarch tsjin dat sa’n diskusje wolris net goed útpakke koe. Dat der gjin draachflak en entûsjasme ûntstean soe by de dielnimmers. En dat wy der dêrom mar better net oan begjinne kinne. Dêr fernuverje ik my oer. Yn wêzen hawwe minsken dy’t sa tinke in negative ynskatting oer de kânsen foar it Frysk, konkludearje ik. Mar stel, hja hawwe gelyk. Dan kin men dus, ek sûnder BMD, al konkludearje dat alle besykjen om de posysje fan it Frysk te ferstevigjen likefolle kâns op resultaat hat as it sied dat op de rotsen struid wurdt? It liket my net dat bewegers op sa’n konklúzje út binne…

Hawar, ik gean hjir even yn dat tinken mei. Want de soarch fan minsken dy’t sa reagearje is oprjocht. Dy soarch hâldt yn dat de BMD as útkomst hawwe soe: yntinsivearring fan de befoardering fan it Frysk hat fanwege ûntbrekkend draachflak gjin sin. No, by sa’n útkomst witte jo en ik en oare Fryske positivo’s wêr’t we oan ta binne. Dat betsjut net dat de rjochten dy’t Frysktaligen no hawwe fuortfage wurde. Dat kin wetlik net iens. Dat betsjut ek net dat de minsken ynienen ophâlde mei sjongen yn it Frysk, mei iepenloftspullen, mei it oanbieden en folgjen fan kursussen, mei it dichtsjen en ferhalen te skriuwen. Dat betsjut ek net dat oerheden en fûnsen gjin jild mear foar sokke aktiviteiten oer hawwe. Ek de ynstituten en de opliedingen hâlde fansels har subsydzje. De besteande situaasje feroaret net ynienen. Wêrom soe dat ek moatte? De sympaty foar de taal, dy ferdwynt net tagelyk mei it besef dat de taal linkendewei ferdwynt. Ik skat yn dat dy sympaty sels tanimt. Sa reagearje minsken ornaris teminsten op ferlykbere ûntwikkelingen. Ja, de doelstelling foar it belied sil feroarje, beskiedener wêze. Dat soe logysk wêze, at de útkomst fan de BMD sa wêze soe as guon bewegers ferûnderstelle.

Mooglik meitsje wat no ûnmooglik liket te wêzen
Folle fleuriger sil de troch my ferwachte positive útkomst fan de diskusje wêze. Yntinsivearring fan belied en útfiering is dan mooglik. Dat liedt ta nij elan foar it Frysk en by de brûkers fan de taal. Ynienen wurdt mooglik wat jierrenlang net realistysk like.

Werom nei wat ús foar eagen stiet
Hoe’t wy as BMD-rûnte ús dy provinsjebrede dialooch foarstelle, dat is sa konkreet mooglik beskreaun yn stikken** dy’t te finen binne op ús reachside www.bmd-frysk.frl. Gearfette: yn ien winterskoft sa’n fyftich gearkomsten; regionaal en pleatslik mei in trochsneed oan Fryske boargers, mar ek mei spesjale doelrûnten, mei spesjale beropsgroepen; net basearre op it prinsipe “wy fan de BMD fertelle jimme wat jimme dwaan moatte”, mar basearre op in wikselwurking: “Wy binne benijd hoe’t jimme mei de taal omgean, hoe belangryk is dy taal foar jimme, wat foar taalgedrach hawwe jimme no, hoe sjogge jimme de takomst foar it Frysk, soenen guon dingen ek oars kinne, wêrom soe men dat wolle, oar taalgedrach? Fernimme jimme wat fan it taalbelied dat de oerheden fiere? Soe dat oars kinne of is it sa wol goed? Hoe slim is it as jimme bern of bernsbern de taal net mear deistich brûke?” Dat soarte fragen.

En op dy gearkomsten net allinne mar prate fansels. Situaasjes ferdútse en belibje troch rollespul. Elkoar ynterviewe. Lieten belústerje, sels sjonge.

Fan de gearkomsten goede ferslaggen meitsje, registraasjes mei byld en lûd meitsje en dy útstjoere fia ynternet. Minsken de kâns jaan om fia it ynternet diel te nimmen oan de BMD.

Entûsjasme en belutsenheid
De feitlike diskusje duorret ien winterskoft, mar foar de tarieding is minstens in jier nedich. Goede petearlieders moatte socht en ynstruearre wurde, krektlyk as goede toanielspilers en kameralju; ûnôfhinklike, objektive ferslachskriuwers idem dito, de ynteraktive reachside moat makke en test wurde, der moat in reachmaster wêze fan it heechste nivo – gean sa mar troch. Allinnich ûnder soksoarte betingsten sil de BMD entûsjasme en belutsenheid by grutte dielen fan de Fryske befolking op gong bringe.

Ofsluting mei in dúdlike kar
It einferslach moat net lang op him wachtsje litte: twa moanne nei’t de lêste sessys west hawwe, moat dat der lizze, yn de maitiid nei it winterskoft fan belutsen kedizen. At it heal kin moat Provinsjale Steaten him noch foar de simmerfakânsje útsprekke oer de oanbefellings. Dat sokke oanbefellings net frijbliuwend, mar yn dúdlike keuzes omskreaun binne, seit himsels.

De wrâld stiet fersteld fan in Frysk foarbyld
De bedoeling is dat de BMD-Frysk mei dit alles rom omtinken lûkt, fan de regionale, lanlike en ynternasjonale parse. Spraakmeitsjend! Fryslân en it Frysk sille in winterskoft net út de aktualiteit wei te baarnen wêze, allinne dat al!

Profesjonaliteit
Profesjonaliteit is by dit alles in kaaiwurd. Dus sil it net foar in pear sinten klear komme. Myn kompanen yn de BMD-rûnte moanje my altyd ta foarsichtichheid as it om jild giet. Ik mei dus der net de klam op lizze dat in profesjoneel organisearre BMD minstens in miljoen euro’s kostje sil. Mar mei goedwollend amateurisme komt dit net klear, en in flop kinne wy ús yn it belang fan it Frysk net permittearje…

**) It basisstik is sa’n seis jier lyn foar it lêst aktualisearre; dêr sil, at it mienens wurdt, fansels in update foar komme. Mar om in goede yndruk te krijen fan wat ús foar eagen stiet, kin men it noch skoan lêze. Op dy reachside www.bmd-frysk.frl fine jo ek in treflik stik fan Piter van der Plank oer de aktuele posysje fan it Frysk yn it Fryske taallânskip. Yn de Nieuwe encyclopedy fan Fryslân stiet, op side 2470 en fierder, in deeglike taalsosjologyske skôging fan dyselde Van der Plank oer hoe’t it Frysk him ûntjout yn relaasje ta de maatskiplike ûntwikkelingen. Dy ensyklopedy is nammers op stuit by Steven Sterk fan de Gordyk yn ’e ramsj. Bûtenkânske foar leafhawwers fan Fryslân.
febrewaris 15, 2021 16:41
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Johannes Rozenga febrewaris 15, 19:30

    Willem Verf, Profesjonaliteit is by dit alles in kaaiwurd. “Update” bywurkje.
    Ik tink fan net.
    It kaaiwurd is: Op alle skoallen yn Fryslân lêze en skriuwe leare. Dat Friezen gjin analfabeet mear binne yn harren taal.

  2. Abe febrewaris 15, 21:04

    Ik ha noch noait sa’n warrich ferhaal lêzen. Beropsfriezen, Fryske positivo’s…. doe bin ik mar ophâlden mei lêzen.

  3. Cor Jousma febrewaris 16, 16:36

    Bêste Verf, ik haw alle trije stikken lêzen en ûnder it twadde al ris wat gedachten skreaun. Mar no’t ik se alle trije lêzen haw, kom ik net los fan de gedachte dat de BMD foar de Fryske taal te let komt. Ik kom dêrop om’t ik wit dat yn Sealterlân de minsken sjogge dat de “tulpen” útbloeid binne en se de klompen fan it “dûnsjen” oan ‘e kant reage hawwe. Se wolle dêr harren taal ôfstofje. Yn dy Sealterske situaasje soe ik in BMD hiel wol pleatse kinne, mar binnen it Fryske taallânskip komt er te let.

    De measte saken binne foar it Frysk ommers goed regele. In “Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden” is troch it regear tekene. Der is in Wet Fryske taal. By weryndielingen wurde der bestjoersôfspraken tekene troch Ryk, Provinsje en oanbelangjende gemeenten ensfh. Sokke saken foar it Frysk goed regelje is it heechst helbere. In ekonomyske faktor sil ús taal nea wurde. En in soarte fan Frysktalich “Kosovo” sitte de measten fan ús net op te wachtsjen.

    Der is binnen/foar it Frysk mar ien makke. Yn Sealterlân krije de bern twa oeren Sealtersk de wike en hjir kinne wy de fraude mei it iene oerke Frysk net rjocht bestride. Ik tink dat Dútsers wat minder oan soksoarte fraude dogge.

    Mar gelokkich sjogge wy dat de bern har by it appen net mear skamje foar it Frysk, sa’t wy dat earder wol diene. As de skoalle fraudearret mei har rjocht op in oerke Frysk dan appe se wol fonetysk. Se sette yn wêzen al dy ûnderwiisfraudeurs te kakken…

    Mar dêrom hoege wy yn Fryslân dy moedige hâlding dy’t de bern sjen litte, no net mear mei in BMD stikken te eameljen. Dy bern binne de âlden fan moarn. En tochten jo no wier dat dy har dan noch troch sokke ûnderwiisfraudeurs ferkatse litte sille. Nee, dan sitte se sels yn dy skoalbestjoeren en witte wat har ûntholden waard…

  4. Klaas Aaldert van der Veen febrewaris 20, 02:30

    It is leuk foar jo hear Verf dat jo sa posityf binne oer de mooglikheden om de Fryske taal te stypjen troch sa’n bmd sa at jo de foar eagen ha, mar ik tink dat de Hollanstaligen en hiel gematigde Friezen foar master opslaan sille. Dus dan sil de konkluzje wol weze: gjin jild mear foar it Frysk, en gjin Frysk mear op skoalle. En dan kinne de poltisy yn Den Haag der nei ferwize at it Frysk sinnige diel fan Fryslan polityk Den Haag wer op hun plichten wiist.

  5. Cor Jousma febrewaris 20, 12:18

    Juster hie Mulder fan Goutum wer ris in ynstjoerdstik oer it Frysk yn ‘e Ljouwerter. “Kan het onderwijs het Fries redden?”. Oft de titel fan de skriuwer sels is witte jo by de Ljouwerter fansels nea wis, mar om’t er dêr nochal wat konneksjes hat sil it grif wol in eigen titel wêze. Dy fraach en de fraach oft it opkearen fan in soad Frysk yn de Ljouwerter dy krante rêde koe/kin, is beide mei nee te beäntwurdzjen.
    Fansels kin it ûnderwiis de Fryske taal net rêde. As dy taal net hieltiten wer op ‘e nij minsken yn it nekfel grypt en dan benammen de âlden sil er by eintsjebeslút it net rêde. Mar it allinne mar lêbje oer hoe min oft it wol net giet sûnder ek mar ien kear nei de positive kanten te sjen, bringt ús taal wier gjin stap fierder.

    Yn myn eardere bydragen haw ik de tweintigers yn 2020 (Ljouwerter) al neamd en letter it feit dat de jongerein mei it fonetysk Frysk appen har net troch de ûnderwiisfraudeurs ferkatse lit.

    Mar der rint noch in hiel grut projekt, de Frysktalige Wikipedia. In soad frijwilligers binne al fyftjin oant sechstjin jier dwaande mei dy Frysktalige ensyklopedy. Guon dogge soks alle wiken en oaren folje regelmjittich ferskate gegevens oan. Troch it brûken fan de taalhifker fan de akadeemje wurdt ek it Frysk fan dat projekt alle dagen better. Mei frijwilligers dy’t troch it ûnderwiis it oerke Fryske taal ûntholden waard, berik jo fansels nea “geef Frysk” mar de taal fan in soad wikys dy’t al hifke binne, kin it maklik hâlde tsjin it Frysk yn ús kranten.

    Fansels soe ik graach krekt as yn Sealterlân de bern twa oeren Frysk de wike tahawwe wolle. Mar alle wiken de wetlike lestiid Frysk jout de bern genôch stipe by har entûsjasme. En wa’t mear wol, dy leart soks letter boartsjenderwize!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.