Mear as tritich jier fêsthâlde oan in idee (2)

febrewaris 5, 2021 15:32

Foto © Omrop Fryslân

Brede Maatskiplike Diskusje Frysk (2)

troch Willem Verf

Kwa status hie it Frysk iuwenlang neat om ’e hakken: yn it bestjoerlik ferkear waard it net brûkt. Der wie gjin ûnderwiis yn de taal. Likegoed oerlibbe it Frysk op it plattelân, tanksij in relatyf isolemint en de sterk op lânbou rjochte ekonomy fan ús regio. De measte minsken wiene analfabeet. Sa koe it Frysk as folkstaal bestean bliuwe.

De emansipaasje fan in folkstaal
Foar guon bewuste Friezen koe dy folkstaal sadwaande mear as trije iuwen letter in basis wêze dêr’t de Fryske beweging him op ûntjaan koe – yn alle beskiedenheid, mei in soad fariaasje yn ferskiningsfoarmen en omjûn mei it nedige sentimint. Pas yn de twadde helte fan de foarige iuw slagge it om bestjoerlik (‘fan geunst nei rjocht’) foet oan de grûn te krijen, hjir en dêr wat Frysk yn it ûnderwiis te bringen, en úteinlik formele lykberjochtiging ôf te twingen.

Dat rjocht om it Frysk te brûken en te ûnderwizen, dat bestiet. Dêr moat men lykwols gebrûk fan meitsje wolle. Der is mar by in hantsjefol Friezen de wil en de moed sok rjocht op te easkjen. Net om prinsipiële redenen, mar omdat de measte minsken net ferfelend wêze wolle en net as fanatikeling sjoen wurde wolle. En omdat de measte Fryskpraters yn har eigen rûnten fan famylje en kunde meast oare Fryskpraters tsjinkomme. Frysk is gewoan, it bestiet, it is om jin hinne, ek al is der amper ûnderwiis yn en brûke de oerheden it mar sporadysk. Dat der stadich minder minsken yn sokke rûnten ferkeare, dat falt de trochsneed Fryskprater net op. Dat it nedich is om yn it ûnderwiis, it bestjoerlik en oar formeel ferkear mear Frysk te brûken om de taal oerlibje te litten, dat is wier net it earste dêr’t dy trochsneed Fryskprater oan tinkt. En dat is wêrom’t de BMD nedich is.

Bewustwurding
De BMD is yn it foarste plak in bewustwurdingskampanje. Dat fierwei de measte minsken graach it Frysk hâlde wolle, dat hja it sjogge as it wichtichste skaaimerk fan Fryslân, dêr hoege wy net oan te twiveljen. Mar dat is net itselde as jin bewust wêze fan it feit dat der foar dat behâld gedrachsferoaring by josels en de measte oare Friezen nedich is, gâns mear as no. En dat tagelyk mei in flinke ynset fan oerheid en ûnderwiis. Yn Fryslân binne goede kânsen op taalbehâld, miskien wol mear as yn oare regio’s mei minderheidstalen, want der is yn de basis positivisme. Mar it komt net fansels goed. Sûnder bewustwurding fan wat der nedich is sille goede inisjativen iderkear wer smoare.

Bygelyks: oerheid en ûnderwiis
De measte Nijs-lêzers sille my net ûntstride dat yn de oerheidskommunikaasje en yn it ûnderwiis, om it by dy beide foarbylden te hâlden, gâns mear ynset nedich is as no.

In pear foarbylden, ta yllustraasje
In boarger dy’t no yn it Frysk skriftlik mei de oerheid kommunisearret, rint in grutte kâns dat sy of hy antwurd yn it Nederlânsk krijt. Of langer op in antwurd wachtsje moat, omdat der earst in Fryske oersetting makke wurde moat. Dat komt omdat 90% fan de Fryske amtners it Frysk net of ûnfoldwaande yn ’e macht hat. It nimt minstens fiif jier om dizze situaasje te feroarjen: hûnderten amtners sille op kursus moatte, dêr moatte dosinten en tapaslike kursusmaterialen foar wêze, en: dy amtners moatte in minimum oan motivaasje en as it heal kin entûsjasme opbringe. Dat lêste sil har swier falle as de befolking ûnferskillich of sels negatyf reagearret op mear kommunikaasje yn it Frysk, en harren bygelyks witte lit dat it om harren net hoecht, Frysktalige brieven en reachsiden en oare dingen fan de oerheid.

Leararessen en leararen fan basisskoallen moatte ek massaal byskoalling krije, mear as tûzen persoanen yn in pear jier rûs ik. De measten fan har hawwe no gjin of fierstente min behearsking fan it Frysk om der les yn te jaan en om de taal as ynstruksjemiddel te brûken. In gigantyske ynset is nedich: programma’s ûntwikkelje en dosinten opliede om dy byskoalling te fersoargjen, dat allinne al. En dy leararessen en leararen moatte, krektlyk as dy amtners, al it gefoel hawwe dat âlden fan bern it akseptearje en, leaver noch, it moai fine dat har bern mear en better Frysk leare. As grutte groepen âlden lykwols in hâlding hawwe yn ’e geast fan: “In heule aardichheid dat Frysk, mar oare dingen binne belangriker”, of sels negatyf foar de taal oer stean, dan is it dreech om motivaasje en entûsjasme op te bringen.

Men moat it meimekoar dwaan  

It iene kin net sûnder it oare. Salang’t minsken tinke dat it Frysk (“it is al sa faak sein dat it ferdwine sil”) der wol bliuwt sûnder ynspanning fan harsels, kin de oerheid mar in ferhipt lyts bytsje dwaan oan de fersteviging fan de posysje fan de taal. De BMD is bedoeld om de minsken ûnderfine te litten dat anno 2021 in taal ek in goede formele posysje hawwe moat om bestean te bliuwen. Minsken dy’t har bewust wurde hoe wichtich en needsaaklik oft harren eigen bydrage is, kinne ek entûsjast reitsje foar mear persoanlike ynset – mits sy net it fielen hawwe dat se in útsûndering binne. Bewust faker it Frysk brûke, dat sil allinne mar wat wurde as minsken it gefoel krije dat in protte oaren ek meidwaan wolle. Motivaasje foar de needsaaklike feroaring yn taalhâlding en taalgedrach moat dield wurde mei in grut tal entûsjaste oaren. Ik ferwachtsje dat dêr draachflak foar ûntstean sil troch in goed en profesjoneel opsette Brede Maatskiplike Diskusje oer de takomst fan it Frysk. Aanst mear dêroer. Mar earst twa oare saken.

(Dêroer yn de tredde ôflevering, freed 12 febrewaris)

De earste ôflevering stie 29 jannewaris op It Nijs

 

febrewaris 5, 2021 15:32
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Cor Jousma febrewaris 7, 13:42

    Bêste Verf, in pear gedachten op in sneintemiddei. As ik nei it Frysk sjoch dan tink ik oan trije skiften Frysktaligen. In hiele grutte middengroep dy’t it sljocht is, as se it mar prate meie. In lyts groepke dat sa frustrearre is dat se de antykant it neist wurden binne. Tink mar oan Mulder fan Goutum en Hospes fan Balk. En in wat gruttere groep dêr’t ik jo en mysels ta rekkenje. Dy lêste groep tinkt somtiden dat se it Frysk rêde moatte. Soks slagget fansels net. Dy taal hat him altiten sels rêde moatten. Hy is op de golven fan de skiednis mei op en del gien. Somtiden wierre it mei en oare tiden gie it wat minder.

    Mar troch de tiid hat ús taal minsken rekke, sis mar yn it nekfel pakt. As jo net rekke wurde troch dy taal dan skowe jo de frustraasje yn. De iene wurdt in fûle strider foar en de oare in fûle strider tsjin ús taal.

    Spitich, ommers dan kinne jo net mear tusken de rigels troch lêze en misse jo bygelyks dat oan in projekt yn de Ljouwerter Krante “20 in 2020” sechstich persint Frysktalige jongerein meidocht en boppedat noch in Biltsktalige. Dy jongere generaasje stiet net mei ús op de barrikaden, mar waarden wol tige rom yn de eigen taal sitearre.

    Fansels kinne wy it paad foar it Frysk sljochtsje, mar wy hoege ús taal net te rêden. Dat docht er sels wol!

  2. Rimmer Mulder febrewaris 9, 12:44

    Dy Mulder fan Goutum ken ik persoanlik wol. Ik kin ek wol in aardich byld fan de tekoartkommingen yn syn karakter. Dat binne der wol in pear. Mar frustraasje? Nea wat fan fernaam. No sil hy net safolle oanlûke fan Jousma want hy wit wol dat it meastal in swaktebod is om oer frustraasjes fan in oar te begjinnen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.