Marieke Lucas Rijneveld jout oersetopdracht gedicht Amanda Gorman werom

febrewaris 27, 2021 08:29

Marieke Lucas Rijneveld (foto: Wikipedia/Marieke Rijneveld – CC BY-SA 4.0)

Dichteresse Marieke Lucas Rijneveld jout de opdracht om in gedicht fan de Amerikaanske Amanda Gorman oer te setten werom. It giet om it gedicht ‘The hill we climb’ dat Gorman foardroech by de ynauguraasje fan presidint Biden.

Yn Nederlân krige útjouwerij Meulenhoff de rjochten om it gedicht út te jaan. Moandei waard buorkundich makke dat foar it oersetten fan it gedicht en Gormans earste dichtbondel, de kar op Rijneveld fallen wie.

Neffens de útjouwerij wie Rijneveld, winner fan de International Booker Prize, de oanwiisde persoan om dat te dwaan. Kritisy, foaral út de swarte mienskip, wiene it dêr net mei iens. Dy fregen har ôf wêrom’t der gjin goede twatalige swarte dichteresse fûn wie om it wurk oer te setten. Foaral op sosjale media krigen sy in protte byfal.

Lês Rijneveld har reaksje op Twitter:

febrewaris 27, 2021 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.