Maratontiims skriuwe iepen brief oer wedstriden op natueriis

febrewaris 8, 2021 11:20

De maratontiims út de Topdivyzje wolle dat it KNSB der alles oan docht om wedstriden op natueriis yn in ‘bubbel’ mooglik te meitsjen. Dat skriuwe se yn in iepen brief oan it reedridersbûn.

It soe dan in bubbel wurde moatte lykas by it langebaanreedriden, dêr’t de riders hieltyd yn test wurde op koroana en allinnich om te trainen en foar wedstriden út harren hotel komme.

(Boarne: Omrop Fryslân)

Yn it telefyzjeprogramma Op1 waard sneintejûn troch riders Erben Wennemars en Mark Tuitert spekulearre oer it mooglik meitsjen fan in eventuele Alvestêdetocht foar maratonriders, as it iis sterk genôch is. Dêr kin dan fanwege de koroana gjin publyk by oanwêzich wêze. Minsken kinne de tocht thús op de telefyzje folgje.

D66-fraksjefoarsitter Rob Jetten die moandeitemoarn by BNR de oprop oan it kabinet om te sjen nei de mooglikheden fan it dochs trochgean fan in eventuele Alvestêdetocht yn koroanatiid. Feriening De Fryske Alvestêden hat al oanjûn dat der gjin tocht komt, salang’t de koroanamaatregels it net talittte.

Taheakke: Brief oan it KNSB

febrewaris 8, 2021 11:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.