‘Lockdownleafde’ fan Hilda Talsma is Kadoboek ’21

febrewaris 28, 2021 08:51

Fergees by oankeap fan in boek yn de Fryske Boekewike fan 6 oant en mei 14 maart 

Hilda Talsma (foto: Siska Kroondijk)

Ta gelegenheid fan de Fryske Boekewike hat skriuwster Hilda Talsma it aktuele Lockdownleafde skreaun. Hilda Talsma fiert dit jier har tsienjierrich skriuwersjubileum en is frege om it Kadoboek foar de Fryske Boekewike te skriuwen. It Kadoboek wurdt yn de perioade fan 6 oant en mei 14 maart fergees oanbean by de oankeap fan in boek.

Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en dj Ewald, dy’t de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding, docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne. 

Hilda Talsma (1971) is in skriuwster mei in flotte pinne, dy’t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal komme personaazjes út al dy romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd.

Oftraap Fryske Boekewike op telefyzje 
Skriuwster Hilda Talsma is sneon 6 maart haadgast by de start fan de Fryske Boekewike op Omrop Fryslân en fiert dan ek har tsienjierrich skriuwersjubileum. Fierder komme yn de telefyzjeútstjoering ferskate Fryske skriuwers oan it wurd, en is der in muzikaal optreden fan it duo Weima & van der Werf. Oare gasten binne û.o. Alex de Jager (direkteur Afûk), Eveline Aendekerk (direkteur CPNB) en Ad Peek (direkteur Van der Velde Boekhannels). De útstjoering begjint om 20:00 oere.

Boarne: Afûk

febrewaris 28, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga maart 1, 10:14

    Tichtplichtleafde, soe frou Talsma net op ‘e hichte wêze fan dit Fryske wurd? Lokkich krije je it boek fergees by in oar Frysk boek dat je keapje. Oars tink ik dat ik it net keapje soe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.