Lanlike listlûkers by Omrop Fryslân

febrewaris 10, 2021 08:51

In grut tal lanlike listlûkers sil de kommende wiken oanskowe yn in ekstra lange edysje fan It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân. De listlûkers Lilianne Ploumen (PvdA), Wopke Hoekstra (CDA), Mark Rutte (VVD), Esther Ouwehand (Partij voor de Dieren), Gert-Jan Segers (ChristenUnie), Thierry Baudet (Forum voor Democratie) en Kees van der Staaij (SGP) hawwe harren meiwurking tasein. Kommende freed, 12 febrewaris, sit Lilian Marijnissen fan de SP as earste listlûker oan ’e tafel fan It Polytburo.

Foto: Omrop Fryslân

Omrop Fryslân fynt it wichtich dat yn dizze tiid mei alle beheinings fanwege de coronakrisis, de listlûkers de kâns krije om dochs harren stânpunt yn de provinsje nei foaren te bringen. “Kampanje fiere op lokaasje is sawat net mooglik en dêrom hawwe wy de listlûkers oanbean om oan te skowen yn in ekstra lange edysje fan It Polytburo. In protte listlûkers binne dêrop yngien en hawwe harren komst befêstige”, sa fertelt Sybren Terpstra, einredakteur fan It Polytburo.

Alle freeds en ynsidinteel ek op tongersdei te sjen
Oant en mei 12 maart sit alle wiken in listlûker by It Polytburo oan ‘e tafel. De langere edysje fan it programma is freeds te sjen fan 17.15 oere ôf. Ynsidinteel sille der ekstra útstjoerings fan it politike programma op tongersdei útstjoerd wurde. It Polytburo wurdt presintearre troch Andries Bakker en Eric Ennema.

Fryske keamerkandidaten en mear ferkiezingsnijs
Fryske keamerkandidaten foar de ferkiezingen komme fansels ek oan it wurd by Omrop Fryslân. Tal fan harren binne te gast by it nijsforum fan it radioprogramma Buro de Vries dat alle sneinen te hearren is. Dat en mear (Frysk) ferkiezingsnijs is de kommende wiken folop te folgjen fia de media fan Omrop Fryslân. Mei ek online ferhalen nei oanlieding fan de petearen yn It Polytburo en oare aktuele ûnderwerpen.

febrewaris 10, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.