Lânbou lilk oer op slot setten fan agraryske bedriuwen Ljouwert

febrewaris 22, 2021 08:26

LTO Noard reagearret tige lilk op de plannen fan de gemeente Ljouwert om yn it súdlik part fan de gemeente de skoattel foar de lânbou te striken. De gemeente Ljouwert stelt yn it pree-omjouwingsplan foar om yn it feangreidegebiet, mei op syn minst 24 agraryske bedriuwen, útwreiding fan fee en stâlen net ta te stean.

Foto: LTO Noard

Boeren op slot
De regel om boeren gjin tastimming op útbreiding te jaan, is net it iennige dêr’t LTO Noard krityk op hat. “De mooglikheden om sûnder proseduere in natuerbestimming op grûn te lizzen, fine wy net akseptabel”, seit regiobestjoerder Jan Teade Kooistra. “En as it giet oer natuerynklusive lânbou en op de streek rjochte fiedselproduksje liket it derop dat de natuer foarrang kriget. Boppedat is der gjin dúdlike kaart en definysje fan begripen en dêrtroch is de ynterpretaasje fan de regels lestich.”

Rau op it dak
De maatregels falle rau op it dak by de boeren yn it feangreidegebiet. LTO Noard hat fia in wiidweidige sjenswize nei de gemeente Ljouwert ta reagearre. De boeren yn it gebiet reagearje ek manmachtich op de plannen. De reaksjes binne wichtich by it meitsjen fan it definitive omjouwingsplan. Letter yn 2021 stelt de gemeenterie dat fêst.

febrewaris 22, 2021 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.