Krekt ferskynd: Willem Tjerkstra – ‘Mysterieuze krêften’
Resint ferskynd
Mysterieuze krêften is it fjirde boek yn de searje In Fryske Odyssee fan Willem Tjerkstra. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen, in mar by It Heidenskip, in doarpke yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. It ferhaal is in ûnderdiel fan in searje ferhalen, libbensbeskriuwingen, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade tried dy’t troch it gehiel rint.
Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes en Mei it Godsmysearje wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren (1944) oant begjin 1969.
Yn it fjirde boek rint de libbensskiednis fan Bouke troch oant begjin 1979, doe’t in sniestoarm Fryslân teheistere. Hoewol’t waar en klimaat tsjintwurdich wittenskiplik tsjut wurde kinne, wie de stoarm yn kombinaasje mei strange froast foar in protte minsken in mysterieus barren. Dat kin ek fan tapassing wêze op de atoombom op Hiroshima (diel 74) en Nagasaki, de tsunamy yn Súdeast-Azië yn 2003 (diel 75), de evolúsje (diel 81), krêften yn de djipte fan de minsklike geast (diel 83) en de fûle reinbui dy’t keizer Haile Selassie fan Etiopië meibrocht nei Jamaica, nei’t dat eilân in lange rite fan drûchte meimakke hie (diel 86).
Mysterieuze krêften, diel 4 fan In Fryske Odyssee
ISBN 9789464240993 | 309 siden | 15 x 23 sm. | priis € 18,95 | NUR 300
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje