Konstipaasje
Resint ferskynd
- Tritich lannen fiere de krêft fan teäter in jier nei de koroanasluting 0
- Europeeske Kommisje: dizze moanne foarstel digitaal faksinaasjepaspoart 0
- Earste âldere yn Drachten yninte 0
- Komeedzje ‘Frasier’ komt werom op Amerikaanske telefyzje 0
- Ferliking fan Welske taalbeweging mei apartheid kostet man syn baan 2
Neffens de rjochtlinen prate we oer konstipaasje as der sprake is fan in ûnbefredigjend muoisum broekerearjen fan mear as trije moanne, mei op syn minst twa fan de folgjende kritearia:
- hurde drûge keutels mei kakkeneed,
- gefoel fan ûnfolsleine evakuaasje fan de keutel,
- obstruksje (ôfsluting, ferstopping),
- minder as trije kear yn ’e wike produksje,
- de needsaak fan it ferwiderjen fan de ûntlêsting mei de hannen.
Ferlykje jo ûnlêsting mei dit oersjoch:
Wêrom dit ferhaal? Normaal hawwe in soad minsken der lêst fan, thús mar benammen yn in oare omjouwing, bygelyks op fakânsje. No, yn dizze tiid fan mear thús wêzen en minder bewegen, spilet dat in gruttere rol en laat it ta in beheining fan de kwaliteit fan libben.
Faktoaren as stress, de kombinaasje fan te min drinken en/of te min fezels yn it iten, sittend libben en it groanysk ophâlden spylje omraak in rol fan bestjutting, yn it bysûnder as it pynlik is by de anus. It goed wurkjen fan de bekkenboaiem, wat de lêste faze oanbelanget, is ek wichtich. It moat der wol út!
Sykten fan neurologyske aard lykas de sykte fan parkinson, ferlammingen, demintens dogge der ek ta. Fierder by stofwikselingsproblemen as bygelyks de skyldklier te traach wurket.
Psychologyske faktoaren spylje ek in rol. Dat komt geregeld foar by jongelju as haaren de termen te folle prykje.
Wichtige rol as oarsaak is it brûken fan medisinen lykas opiaten, antydepressiva, antyepileptika en stielpiltsjes.
Fan belang binne de saneamde alarmsymptomen lykas ynienen in wikseljend patroan, bloedferlies, bloedearmoede, ferlies fan gewicht, pine yn de búk. As kanker fan de grouwe term yn de famylje foarkomt moat men op jins iepenst wêze. By sokke klachten wurdt meastentiids in koloskopy dien om kanker út te sluten of oare oandwaningen op it spoar te kommen.
Tips
Freegje by de drogist om in probaat middel en/of rieplachtsje de hûsdokter. Miskien moatte jo oan de medisinen of krije jo in ferwizing nei de fysioterapeut of sels nei de spesjalist.
Tink om iten mei foldwaande fezels, it ynnimmen fan focht, lichemsbeweging, en belangryk: net ynhâlde as jo nedich moatte!
Matthijs Verkuijl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje