Keart de winter werom?

febrewaris 26, 2021 14:07

Op it heden falt Nederlân ûnder in hegedrukgebiet mei de kearn boppe de Britske eilannen. Dat systeem tsjocht begjin ankom wike nei it Europeeske fêstelân, wylst boppe Yslân in nij sintrum fan hege druk ûntstiet, dat him yn eastlike rjochting útwreidet en al ringen ek wer Grut-Brittanniëe beflapt. Fangefolgen komt der letter takom wike te uzes in noardlike streaming op gleed dy’t kjeld dit út transportearret en is dat wykein yn de nachten lichte froast te ferwachtsjen. Wa’t dat in nijsjirrige ûntjouwing fynt, moat it aktuele waarberjocht op ItNijs.frl yn de gaten hâlde.

Temperatuerplom foar de kommende fjirtjin dagen (boarne: KNMI)

Hoewol’t it yn maart likegoed noch wol winterje kin, is de kâns op serieus winterwaar net mear sa grut. Dat, wa’t noch wat winterwille ha wol, kin better de winterfoto’s nochris besjen en de nijste DE NIJE keapje, dy’t de winter as tema hat.

De leafhawwers fan winterwaar sille yn alle gefallen meikoarten fierder moatte mei harren libben. Oflieding kin socht wurde yn it meidwaan oan de fotowedstriid fan DE NIJE. Dêr is it by te rêden om bisten, it tema fan de folgjende edysje. Sjoch op bledside 45 fan dizze jefte foar mear ynformaasje.

febrewaris 26, 2021 14:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.